Frijende kikkerts
Hylkje Goïnga fertelt yn Frijende kikkerts op in hast achteleaze wize it emosjonele ferhaal oer de striid fan Martha yn de relaasje mei har man. Hy hat gjin wiere oandacht foar har en is har ûntrou. Sa komt sy yn in krisis telâne. As se him op in dei in koarkelûker yn it boarst draaie wol om te sjen oft syn hert noch wol foar har kloppet, lit hy har opnimme yn in ynrjochting. Troch it relaas dat sy oan de minsken fan de klinyk fertelt kriget de lêzer ynsjoch yn de foarskiednis en yn wat Martha besielet. Se fynt har selsbetrouwen werom en slagget deryn om fan him los te kommen.
It boek ferskynde foar it earst yn 1986. Dizze tredde printinge is de werútjefte fan de twadde út 2010.
Frijende kikkerts is in roman dy’t ynearsten frij ienfâldich eaget mar dy’t safolle djipgong hat en sa raffinearre yn inoar stekt dat men sprekke kin fan in hichtepunt yn it wurk fan Goïnga en in oanwinst foar de Fryske literatuer.
Hans Westra yn Trotwaer
Vrijende kikkers is een diep ontroerend boek dat tegelijk ook een lach kan doen opborrelen. De intrieste wereld van Martha wordt geen kommer-en-kweldrama, maar door de bizarre opmerkingsgave en verteltrant van Martha een verhaal dat ongelofelijke indruk maakt.
Nieuwe Dockumer Courant
Aanvullende informatie
| Auteur |
|---|
De reddende pen
€ 17,50Onvolmaakt gelukkig
€ 23,50Pennsylvania
€ 23,50Het vergeten lied
€ 28,50






