De smearlappen
De smearlappen is de iepenhertige bycht fan in jonge frou, Deboara Eelkje Lyklama Taconis, dy’t langet nei frijheid en fiere fierten. Se wennet allinne mei har heit, in ‘gelearde boer’, dy’t hielendal opgiet yn syn genealogyske hobbys. Op in jûn komt in jongkeardel oan de doar om in ammerke molke. It is Wilte Akkerbol, ien fan fjouwer bruorren dy’t mei har arkje yn de buert lizze foar baggerwurk. Eelkje slacht him oan de heak mar wurdt it slachtoffer as de bruorren har der mei bemuoie. Har heit blykt by einsluten de grutste smearlap.
Doe’t De smearlappen yn 1963 ferskynde, joech dat gâns opskuor. De auteur skreau foar dy tiid frijmoedich en ûntheisterjend oer seks. It boek waard in bestseller en in Nederlânske útjefte ferskynde by Bruna.
Dizze achtste printing is makke neffens de sande út 1983 (doe by fersin sechsde neamd), sûnder de tekeningen dy’t dêryn opnommen wiene.
Wat my it meast boeid hat by it op ’en nij lêzen fan De smearlappen is de styl fan skriuwen. Wadman hâldt konstant de gong deryn, mei in treflike ôfwikseling fan woede, fertriet, sarkasme, spot, selsspot, allegearre to the point ferwurde en krekt dosearre.
Tiny Mulder oer de sânde printing yn it Friesch Dagblad
Eelkje is op syn minst fyftich prosint skuldich oan it drama en ik leau dat dat by Wadman it revolúsjonêre is, dat De smearlappen sa populêr makke hat. Eelkje is in geile boeredochter en dat mocht net yn de Fryske eroatyske tradysje (Kloosterman, Brolsma).
Steven H.P. de Jong yn Ta in hichte of de balke yn eigen each
Aanvullende informatie
| Auteur |
|---|
De reddende pen
€ 17,50Onvolmaakt gelukkig
€ 23,50Pennsylvania
€ 23,50Het vergeten lied
€ 28,50






