Anders M. Rozendal

Anders M. Rozendal
Anders Rozendal begûn mei it skriuwen fan koarte ferhalen yn it Friesch Dagblad en yn Fryske Ferhalebondels fan de Afûk en de Friese Pers Boekerij. Ferneamd is syn ferhaal Wetterloo yn ՚e jubileumútjefte fan It Fryske Boek. Dêrnjonken skreau er in ferhalebondel en grut tal romans foar de KFFB. Opfallend is it ferskaat oan tema՚s dêr՚t Rozendal him oan weage. In pear fan syn romans binne basearre op bibelske ferhalen, mei it doel om in oare kant fan dy skiednissen sjen te litten. Dat jildt ek foar dizze roman.