Geart fan der Mear

Geart fan der Mear
Geart fan der Mear (b. 1944 Toppenhuzen) studearre Ingelsk en Frysk yn Grins en wurke fan 1970 oant 2009 by it Ingelsk Ynstitút fan de Grinzer universiteit, mei in ûnderbrekking fan fiif jier (1985-1990) doe’t er oan dyselde universiteit by it Frysk Ynstitút wurke. Fan 1976 oant 1982 wie er ien fan de redakteuren fan Trotwaer. Yn 1985 promovearre er op in proefskrift oer de ‘brekking’ (bgl. beam-beammen) yn it Frysk.Nêst taalwittenskip, mei de lêste goed 17 jier foaral de leksikografy, hat ek it oersetten altyd syn niget hân, foaral de praktyske kanten dêrfan, dy’t er tapasse koe yn syn kursussen literêr Ingelsk-Nederlânsk oan de universiteit.De komplete list fan oersettingen is: 2009: IT PARADYS FERLERN (PARADISE LOST, John Milton, 1674); 2010: Tess fan de D’Urbervilles (Tess of the D’Urbervilles, Thomas Hardy, 1891);2011: De fal fan Camelot (Idylls of the King, Alfred Tennyson, 1888); 2011: De val van Camelot (Idylls of the King, Alfred Tennyson, 1888); 2013: De griene ierde (Green Earth, Frederick Feikema Manfred, 1973); 2013: De tiidmasine (The Time Machine, H. G. Wells, 1895); 2015: David Copperfield (David Copperfield, Charles Dickens, 1850); 2017: It geheim fan Lord Jim (Lord Jim, Joseph Conrad, 1900); 2018: Fier fan alle drokte (Far from the Madding Crowd, ThomasHardy, 1874); 2019: Sulver en minsken (Nostromo, Joseph Conrad, 1904); 2020: De Oerwinning (Victory, Joseph Conrad, 1915); 2021: It libben en de opfettingen fan de hear Tristram Shandy (The Life and Opinions of Tristram Shandy, Gentleman, Laurence Sterne, 1767); 2022: De woeste hichte (Wuthering Heights, Emily Brontë, 1847); 2023: Yn de tiid fan de Guillotine (A Tale of Two Cities. Charles Dickens, 1850);  2025: Middlemarch. George Eliot, 1872.

Resultaat 1–12 van de 24 resultaten wordt getoondGesorteerd op nieuwste