Hâns Dijk

Hâns Dijk is al jierren foarsitter fan de Fryske krite yn Boadegraven en spile mei yn de toanielploech fan de krite. Hy joech Fryske les oan de Folksuniversiteit yn syn wenplak. Fan 2000 oant 2017 wie hy foarsitter fan It Frysk Boun om Utens en wie ôffeardige nei de Ried fan de Fryske Beweging. By syn ôfskie waard hy beneamd ta earelid fan It Frysk Boun om Utens. Fanwegen syn fertsjinsten foar de Fryske taal en kultuer waard hy beneamd ta lid fan de Fryske Akademy. Hâns Dijk krige it Alvestêdetocht-brevet útrikt. Twa kear foltôge hy de tocht op redens, ien kear kuierjend en 27 kear op ‘e fyts. Hy wie yn syn wenplak aktyf yn it ferieningslibben, lid fan de gemeenteried en waard beneamd ta Ridder yn ‘e Oarder fan Oranje-Nassau.