Jildou Elgersma is berne yn 1974 te Easterein, gemeente Littenseradiel. Yn 2003 hat hja in kursus autobiografysk skriuwen folge ûnder lieding fan Akky fan der Veer. Dizze kursus wie foar har in oanset om fierder te gean mei it ferwurdzjen fan persoanlike gefoelens.
De earste stap nei it publyk hat hja setten doe’t hja skewielster waard by it Gysbert Japicxhûs te Boalsert. De ôfrûne jierren hat hja dan ek ferskate gedichten publisearre op de Fryske Spreukekalinder. Fakentiden skriuwt hja oer harsels mar ek de natoer is in ynspiraasjebron.
Yn 2010 ferskynde har debútbondel, Finzen tusken libben en dea. It giet oer har wrakseljen mei it libben nei oanlieding fan in groanysk depressive stimmingstoarnis. Troch it útbringen fan dizze bondel hopet hja it ûnderwurp depresje mear besprekber te meitsjen.



