Jules Verne

Jules Verne
Syt Palma (1936) behelle har diploma’s foar ûnderwizeres oan de Kweekskoalle te Dokkum, en wurke dêrnei oan ferskillende skoallen, fan basisûnderwiis oant en mei fwû. It aksint kaam hieltyd mear te lizzen op it ûnderrjocht yn de Frânske taal, dêr’t hja sa efterinoar it twadde- en earstegraads foech foar behelle. Yn 1995 studearre hja ôf oan de universiteit fan Utert mei in skripsje oer Albert Camus. Fyftjin jier joech hja Frânske les oan it Gomarus College te Grins. Dêrnei wie der noch enerzjy foar in nije stúdzje: yn 2000 slagge hja foar it doktoraal eksamen Frysk oan de universiteit fan Grins. In pear jier lyn kaam it Jules Verne-Genoatskip mei it fersyk om ien fan de wurken fan Verne út it Frânsk yn it Frysk oer te setten. Dat waard In wrâldreis yn 80 dagen. In twadde oersetting kaam yn 2012: de ferneamde roman De Pest fan Albert Camus, dy’t yn 1957 de Nobelpriis foar literatuer wûn. Fan beide skriuwers bestie earder noch gjin oersetting yn it Frysk. En no is der in tredde oersetting klear, wer fan Jules Verne: In reis nei de moanne. As frijwillichster jout Syt Palma noch ynboargeringslessen oan in groep froulju ôfkomstich út Azië, Afrika en Súd-Amearika en wie hja tsien jier begeliedster fan Frânsktalige asylsikers en tolk-oersetter yn Ingelsk-Frânske tsjerketsjinsten, ek foar asylsikers. Tagelyks is hja frijwillichster by de Fûgelbeskerming. Syt Palma is troud mei de neerlandikus Sybe Bakker, har eardere klassegenoat fan de Kweekskoalle. Hja hawwe fjouwer bern en fjouwer bernsbern.