
Manuela Koster is berne op 11 july 1969 yn Dokkum. Hja is it
ienlingsbern fan in Fryske mem en in Dútske heit. It grutste part fan har
libben hat hja yn Burgum wenne, oant de leafde har úteinlik nei Gordyk brocht.
Berne mei in komplissearre hertôfwiking hat it libben foar
har syn beheiningen. It skriuwen stelt har yn steat dit te kompensearjen en, yn
alle gefallen op papier, it ûnmooglike mooglik te meitsjen.
Eartiids lei har ynteresse by de Science Fiction. Tsjintwurdich giet dy út nei
misdiedferhalen. Earder binne fan har trije ferhalen útjûn yn ferskate
ferhalebondels.
Te witten:
De Sinnemoarden yn: 20
Simmerferhalen
– 2000.
De Mediamoarden yn: 21 Nije
Fryske winterferhalen
– 2001.
Gifslang
yn it paradys
yn: De Riedsels fan it hert – 2003.Manuela Köster is yn 2024 ferstoarn.


