
Pyt Damsma is berne (1943), hikke en tein yn Boalsert. Nei syn skoalopliedingen rûgele er as learaar Nederlânsk en skiednis it fuortset ûnderwiis yn. De Fryske taal krige him lykwols yn ‘e besnijing en hy sette him ta skiuwen. Fan syn hân ferskynden: Wa’t earen hat, Jimme en ik, Oars en net oars, Stimmen dy’t roppe. Nei in skoft ‘rêst’ dus no syn nijste roman: Blyn rjocht.Maatskiplike ûnderwerpen hawwe syn foarkar.


