
Rink van der Velde (1932-2001) waard grut op ’e Sweach, folge de mulo yn Drachten en wurke as jonge fan achttjin in skoft by in boer yn Frankryk. Nei syn tsjinsttiid waard er sjoernalist, úteinliks by de Ljouwerter Krante. Hy ûntjoech him as betûft skriuwer fan romans, ferhalen en ‘stikjes’. Altyd lei syn hert by de ferhûddûke minske dy’t him net yn it systeem skikke wol. Syn ûnderwerpen en tagonklike, smeudige styl fan skriuwen makken him ta de meast lêzen Fryske skriuwer fan syn generaasje.



