
Sjoerd Bottema skreau romans, ferhalen en toaniel. Syn wurk is in miks fan tradysje en eksperimint, wylst de humor ek net ûntbrekt. Yn 2020 ferskynde de ferhalebondel De grize oer de grouwe, ‘klassikers’ dêr’t de skriuwer syn eigen draai oan jout. Yn dy bondel stiet ek in bewurking fan It Heksershol. Earder makke Sjoerd Bottema al in toanielbewurking fan Halbertsma syn novelle foar de toanielgroep SULT. Yn 2025 kaam it Winterboek út, mei dêryn it ferhaal De griene ridder, yn it Frysk en yn it Nederlânsk, basearre op Sir Gawain and the green knight, mar ek referearjend oan Popeye the sailorman.


