Trinus Riemersma

Trinus Riemersma
Trinus Riemersma (1938-2011) heart by de grutte skriuwers fan Fryslân. Hy wie kreatyf op allerhanne literêr mêd. Hy skreau prachtich Frysk yn in ûnoertroffen styl. As polemist hie er in skerpe pinne, yn syn kollumns sei er alles wat er kwyt woe. Syn literêr wurk lit opstannigens sjen, synisme, mar letter ek in moedich libbensbesef: genietsje it libben, ferdraach de pine en mjêkje net. Twa kear wûn er de Gysbert Japicxpriis.