
Wilma Miedema (1969, Drachten) folge in ferpleechkundige oplieding, mar koe dy fanwege sykte net ôfmeitsje. Se hat in eigen praktyk om minsken te begelieden by bewustwurding. Dêrneist docht se in protte frijwiligerswurk lykas yn in hospice yn Drachten, by De Zonnebloem en op oare plakken dêr’t se foar frege wurdt. Se is posityf en spiritueel ynsteld en hâldt in protte fan bisten en de natoer. Se is mem fan twa jongens en wennet sûnt 2016 mei har partner yn Ried. Yn In oare wei – mei oare eagen, har debút, fertelt se oer har libben mei MS en de wize wêrop’t se dêrmei omgiet.


