Boer Bo en de dreamko e-boek
Afbeelding van Boer Bo en de dreamko e-boek
Afbeelding van Boer Bo en de dreamko e-boek
Afbeelding van Boer Bo en de dreamko e-boek

Boer Bo en de dreamko e-boek

Prachtich printeboek oer in bysûndere ko dy’t dingen betinkt dy’t net kinne en sa allegear aventoeren belibbet

€ 7,50



    Omschrijving

    Ferona is in fleurige ko. Twa kear deis komt boer Bo om har te melken. Hearlik! Se kin ek wat hiel bysûnders. Ferona betinkt dingen dy’t net kinne. Oranje molke, blau gers, in griene sinne.
    Oare bisten probearje it ek en belibje sa prachtige aventoeren.
    Kin boer Bo dat einliks ek? Dy is faak sa somber. ‘Besykje it mar ris,’ seit Ferona.
    En wat der dan mei boer Bo gebeurt …

    ebook_boer_bo_en_de_droomkoe_fries_ink.epub

    Formaat e-boek
    Aantal pagina's 43
    Levertijd 0 werkdagen
    Auteur/VertalerMarianna van Tuinen, oersetting Ytsje Steen
    Biografie

    Marianna van Tuinen (1951) makket sûnt har oplieding oan de Academie voor Beeldende Kunsten ‘Minerva’ printeboeken mei kollaazjes fan papier.
    Yn 2011 brocht Elikser har boek Ando en de gouden bal út, folge troch De regenboogdolfijn (2012), Hoger en hoger (2013), De Vuurdiamant (2014), De Fjoerdiamant (2014), De buitenaardse reis van Q en Quinta (2015), De bûtenierdske reis fan Q en Quinta (2015), Het geheim van de mist (2016), It geheim fan de mist (2016), Livia’s ruimtedroom (2017), Livia’s romtedream (2017), Remus Reuzenmuis (2018), Remus Reuzemûs (2019), en Het huis van Sijmen (2019)

    Ytsje Steen-Buwalda is berne yn Seisbierrum (1959). Nei de legere skoalle (yn Slootdorp, Noard-Hollân) en de middelbere skoalle (Ljouwert) hat sy yn Den Haach de sekretaresse-oplieding fan Schoevers dien. Fan 1978 oant 1984 wie se administratyf meiwurkster by in notaris yn Marrum. Sûnt 2001 wurket se as freelance oersetter en korrektor, ûnder oaren foar Elikser en de Afûk. Yn 2010 hat sy it jeugdboek Koning van Katoren fan Jan Terlouw oerset yn it Frysk, en yn 2016 ferskynde har oersetting Jip en Janneke yn it Frysk.

    Verschijningsdatum 18-03-2021
    Recensies

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-94-6365-322-0
    EAN nummer
    9789463653220
    Auteur
    Marianna van Tuinen
    Vertaler
    Ytsje Steen -Buwalda