De flecht fan Victor
Afbeelding van De flecht fan Victor
Afbeelding van De flecht fan Victor

De flecht fan Victor

Yn nije plysjeroman krijt Ale Alema mei in trijefâldige moardsaak te krijen en wurdt sels ek ûnder fjoer nommen

€ 14,95



    Omschrijving

    It liket in gewoane dei te wurden. No ja, Ale Alema is sûnt koart oan ’t sporten en dat is foar him ûngebrûklik. En dat syn kollega’s iderkear oer syn pensjoen begjinne, noasket him mar min. Mar op it buro hearsket de wenstige drokte. Apps tingelje, de telefoan giet in kear of trije oer en nijsgjirrige mails freegje Ale syn omtinken. Hy giet mei Wytske nei de famylje Pintano yn Aldskoat, dêr’t in wike lyn dochter Tine fan ferdwûn is. Heit is troch alles hinne, mem liket kalm. Dyselde dei noch stapt Tine fleurich de keamer wer yn. Noch gjin fjouwerentweintich oeren letter binne se alle trije fermoarde.
    Wat hat de soan dy’t op dat stuit net thús wie hjirmei te meitsjen? En wa is dy âlde frou mei in gewear dy’t it ynienen op Ale fersjoen hat?

    Dit is it sechsde boek yn in rige flotte en fermaaklike plysjeromans fan Jan Schokker mei Ale Alema yn de haadrol.

    Dehumoryn_Inkijk.pdf

    Formaat 145x210x11 mm
    Aantal pagina's 116
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur Jan Schokker
    Biografie

    Jan Schokker is yn 1952 berne yn Oranjewâld as helte fan in twilling. Nei in technysk begjin komt it kreative yn him boppe en fanôf syn fjouwerentweintichste is hy selsstannich mei in eigen standbouw- en beletterings- bedriuw. Skriuwen is fan jongs oan ôf in passy en útsein in tal toanielstikken, revu’s, ferhalen en misdiedromans, skreau er in boek oer eigen libben en wurk De humor yn en in roman oer twa twillingbroers Kabel en tou. Wenne jierren yn Langsweagen en yn Jonkerslân en tsjintwurdich yn Nijehoarne.

    Verschijningsdatum 18-12-2020

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-94-6365-295-7
    EAN nummer
    9789463652957
    Auteur
    Jan Schokker