De frou yn 'e flesse (e-boek)
Afbeelding van De frou yn 'e flesse (e-boek)
Afbeelding van De frou yn 'e flesse (e-boek)

De frou yn 'e flesse (e-boek)

Janneke, in oankommend Frysk skriuwster op in kearpunt yn har libben, skriuwt mei Jip, in eineksamenkandidtaat fan njoggentjin, om en om in haadstik in dizze fernijende roman

€ 6,50



    Omschrijving

    Yn De frou yn ’e flesse, Wadman syn fyftjinde roman, foarmet foar it earst in middelskoalle de eftergrûn fan it ferhaal. Sintraal steane Janneke Brouwer, in learares fan fiifentritich jier, in oankommend Frysk skriuwster, en Joop alias Jip Koster, in eineksamenkandidaat fan njoggentjin. Jip hat oare takomstplannen as wat syn heit, in ferneamd musikus, mei him foar hat. Janneke en Jip skriuwe om en om in haadstik, Janneke yn it Frysk yn har oantekenboek, Jip yn it Nederlânsk yn brieven oan syn mem yn it bûtelân. Op ’e eftergrûn spylje behalve de heit ek oaren in rol, bygelyks Jip syn mem en Janneke har freondinne, de lesbiennne Justine. Allegear krije se yn it jier dat de roman beslacht in krisis yn har bestean te ferwurkjen. Ek it lot fan de Fryske taal komt yn dizze roman op it aljemint.
    Wat de literêre foarm oangiet, siket de skriuwer yn dizze roman nei nije wegen.
    Dizze twadde printing is in werútjefte fan de earste út 1988.

    Wa’t der gjin parody yn sjen kin, of wol, op it modieuze sjenre fan de ‘skoalleroman’ (’t Hart, Siebelink, Abma) kin it boek ek lêze as it boeiende ferslach fan in frou op in kearpunt yn har libben: yn de flesse sitten bliuwe of derút.
    Tsjerk Veenstra yn Frysk en Frij

    Yn de roman lit Wadman wer ris sjen dat er in fakman is.
    Rients de Boer yn it Friesch Dagblad

    Formaate-boek
    Aantal pagina's177
    Levertijd0 werkdagen
    AuteurAnne Wadman
    Korte levensbeschrijving

    Anne Wadman (1919-1997) joech al ier bliken fan syn niget oan muzyk, literatuer en it Frysk. Hy studearre Nederlânsk oan ’e Universiteit fan Amsterdam en wurke lange tiid by it ûnderwiis. Hy waard ien fan de meast produktive Fryske skriuwers en kritisy. Twa kear krige er de Gysbert Japicxpriis, yn 1952 en 1989. Hy seach himsels lykwols net as in suksesfol skriuwer. Joke Corporaal socht út hoe’t dat kaam yn in stúdzje oer syn libben oant 1963, mei as titel Grimmig eerlijk, ferskynd yn 2009.

    Verschijningsdatum2012-04-16

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-410-0
    EAN nummer
    9789089544100
    Auteur
    Anne Wadman