De Hobbit of Derhinne en wer werom
Afbeelding van De Hobbit of Derhinne en wer werom
Afbeelding van De Hobbit of Derhinne en wer werom

De Hobbit of Derhinne en wer werom

Fantasy-ferhaal oer de tocht fan hobbit Bilbo Balsma, de trettjin dwergen en tsjoender Gandalf om de skat dy’t draak Smook fan de dwergen stellen hat werom te heljen

€ 22,50



    Omschrijving

    It tiidleaze mearke fan Bilbo Balsma, in fatsoenlike hobbit dy't ynbrekker wurdt en yn sân hasten mei trettjin dwergen en de tsjoender Gandalf op paad moat om in legindaryske dwergeskat ûnder de wjukken fan in grimmitige draak wei te stellen. Under de lange reis nei de Berch fan de Draak komt it selskip troch bergen en bosken, oer richels en rivieren. Hja befjochtsje trollen, ierdmannen, spinnen en wolven yn 'e mande mei elven, minsken, earnen en bearen. En fansels mei help fan de magyske Ring, dêr't Bilbo mei de lilkaardige Gollum in fûle striid om útfjochtet.

    Dit klassike 'berneboek foar folwoeksenen' fan J.R.R. Tolkien is de prolooch op The Lord of the Rings, de ferneamde trilogy dy't de ôfrûne jierren sa bot yn de belangstelling stien hat. De Hobbit, skreaun yn 1937, wie it earste wiere fantasy-boek dat it grutte publyk berikke koe. It is yn 2002 ferkeazen ta it wichtichste boek foar (âldere) jongerein yn de 20e ieu, en is oant no ta yn sa likernôch fyftich talen oerset.

    De linige, hjoeddeiske oersetting is fan Anne Tjerk Popkema fan Grins.

    Formaat145 x 210 mm
    Aantal pagina's333 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurJ.R.R. Tolkien
    Korte levensbeschrijving

    Anne Tjerk Popkema (Burgum, 1975) hat Frysk studearre yn Ljouwert en Grins. Nei't er as frisist wurke hat yn Ljouwert en Kiel, is er sûnt 2008 foar himsels begûn as oersetter en taalûndersiker (Taalburo Popkema). Mar Popkema hat ek al earder oersettings útjûn, lykas fan wurk fan Walter Benjamin ("Ik pak myn bibleteek út", 2004) en Elias Canetti ("De Harksizzer", 2007). Hjoed de dei wennet en wurket Popkema yn Grins.

    Verschijningsdatum2009-08-22

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-112-3
    EAN nummer
    9789089541123
    Auteur
    J.R.R. Tolkien
    Vertaler
    Anne Tjerk Popkema