Fan binnen út – From within e-boek
Fan binnen út is in seleksje foarjiersgedichten skreaun troch Tryntsje van der Veer, omliste mei fotowurk fan Ouke Kooistra. De teksten binne ynsprutsen en op piano en fioele omspile troch Rob du Jardin.
From within contains a selection of poems written during Spring by Tryntsje van der Veer, embellished by photographs of Ouke Kooistra. The texts are recorded. Rob du Jardin composed and performed the music (piano and violin)
It is it jeien en it bêdzjen, yn beammen heech dêr kaam it nêst.
It is in tún om ier te trêdzjen, mei wylde blommen en plak foar rêst.
It is the hunting and the soothing, in trees high we made our nest.
It’s a garden for early strolling, with wild flowers and a seat to rest.
Biografie 2e auteur:
Rob du Jardin (1969), berne yn Switserlân, wennet en wurket yn Amsterdam. Hy is as psychoterapeut spesjalisearre yn de behanneling fan eangststeurings.
Oant 1998 wie er altfioelist by it Keninklik Konsertgebou-orkest en by ferskate selskippen foar hjoeddeiske muzyk. Njonken syn terapeutysk wurk musisearret hy op ferskate ynstruminten en wûn de publykspriis fan Liet 2009. Ut de gearwurking mei Tryntsje en Ouke is Binnentún ûntstien. De ferankering yn ’e Fryske muzyktradysje besiket hy te ferwêzentlikjen troch gear te wurkjen mei artysten lykas Grytsje Kingma, Carolien Hunneman, Wiebe Kaspers, Marcel it duet Oct-Opus, en troch mei te dwaan oan it “Kom en Sjong”-wykein by de Folkshegeskoalle op Skylge. Syn toanielstik “Om Utens”, yn in eksperimintele Dada7-styl, ferskynde yn 2010 yn it literêr tydskrift Ensafh (www.ensafh.nl). Yn 2011 kaam syn selshelpboek Plankenkoorts út (útjouwerij Hogrefe). De gearwurking mei Rob is altyd noflik.
Aanvullende informatie
| Auteur |
|---|
Ongeremd e-boek
€ 12,50De magie van Davy
€ 13,50






