In soarte fan bûgjen
Afbeelding van In soarte fan bûgjen
Afbeelding van In soarte fan bûgjen

In soarte fan bûgjen

De poëtyske en absurdistyske ferhalen fan Geert Nauta jouwe in bysûndere skets fan it minsklik ferlet en tekoart

€ 19,95



    Omschrijving

    Nei dy iene dei, doe’t Elske my it nijs dien hie, ferskeat it sêfte giel nei blau, in hiel ljocht, sulvereftich blau: winterblau of iisblau – in oar wurd ha’k der net foar. Iispegeltsjedagen wiene it foar ús, it blauwe fan in wintermoarn as de sinne noch even neat te sizzen hat, mar him alwol oankundiget. Elske krige sûnreade wangen en in wat tsjokkere kop. Sa moai hie se net earder west. Ik wie op ‘e nij fereale, ik koe my net yntinke dat der ea noch in oare tiid komme soe as ús blauwe perioade.

    Poëtysk, humoristysk, absurdistysk en soms mei in hast wat makabere ynslach. De ferhalen fan Geert Nauta, bondele yn dit boek, jouwe in bysûndere skets fan it minsklik ferlet en tekoart. De subtile satire en de gauris ûnferwachte selskennis fan de haadpersoanen meitsje it lêzen fan dit boek ta in apart, ferrifeljend en meinimmend aventoer.

    Insoartefanbugjen_Inkijk.pdf

    Formaat 000x000
    Aantal pagina's 145x210x15 mm
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur Geert Nauta
    Biografie

    Geert Nauta (Toppenhúzen 1964) wennet yn Wergea en yn it deistige libben is hy dosint Nederlâns oan csg Liudger yn Drachten. Mei de skriuwerij is hy begûn yn 2013 doe't hy tocht: lit my foar de aardichheid ris in ferhaal skriuwe. Hy wûn der fuortendaliks in Rely-Jorritsmapriis mei. Sûnt dy tiid besiket hy de tiid dy't hy frijmeitsje kin, oan it skriuwen te besteegjen, wat noch net altyd like goed slagget. Neist de publikaasjes yn Ensafh, nei oanlieding fan de trije Rely's dy't hy wûn hat, is dit syn earste ferhalebondel.
    www.geertnauta.frl

    Verschijningsdatum 02-07-2018

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-94-6365-073-1
    EAN nummer
    9789463650731
    Auteur
    Geert Nauta