It hûs fan Simen
Afbeelding van It hûs fan Simen
Afbeelding van It hûs fan Simen
Afbeelding van It hûs fan Simen

It hûs fan Simen

Prachtich printeboek oer Simen Slak dy’t oare bisten helpe wol en dêrtroch in fierstente swier hûs krijt

€ 17,50



    Omschrijving

    Simen Slak is grutsk op syn hûs.
    Foaral op de bûtenkant.
    Binnen is it mar saai. Der moat wat moais, wat fijns yn komme, fynt Simen.
    Mar wêr fynst dat?
    Yn it bosk komt er syn freonen tsjin. Hy kin se net allinnich helpe mei harren problemen, hy krijt sels antwurd op syn fraach.
    Syn slakkehûs wurdt foller en foller.
    In oar helpe is moai, mar is dat ek goed foar Simen sels?
    Hy komt hast net mear foarút …
    Gelokkich hat de nachtûle in oplossing.
    En dan komt sels nóch in grutte dream fan Simen út ...

    IthsfanSimen_Inkijk.pdf

    Formaat 210x295x4 mm
    Aantal pagina's 40
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur en vertalerMarianna van Tuinen / Ytsje Steen-Buwalda
    Biografie

    Marianna van Tuinen (1951) makket sûnt har oplieding oan de Academie voor Beeldende Kunsten ‘Minerva’ printeboeken mei kollaazjes fan papier. Hja yllustrearre û.o. it Fryske berneboekewike-geskink fan 1995 (Gele Gijs & Lange Loeres) en de seizoenbesjochplaten foar In De Maneschijn(1993). By in tentoanstelling fan de Nederlandse Illustratoren Club yn it Stedelijk Museum fan Amsterdam wûn hja de 4e priis fan it publyk.

    Nei in perioade fan tentoanstellingen mei frij wurk is hja werom by de berneboeken: yn 2010 waarden Hoe doet de haan? en Wat doet de dolfijn? (útjouwerij Clavis) útbrocht, en ek de fioelmetoade Tovernoot (boekhannel Broekmans & Van Poppel) fan de fioeliste Anneke Wittop Koning.

    Yn 2011 brocht Elikser har boek Ando en de gouden bal út, folge troch De regenboogdolfijn (2012), Hoger en hoger (2013), De Vuurdiamant (2014), De Fjoerdiamant (2014), De buitenaardse reis van Q en Quinta (2015), De bûtenierdske reis fan Q en Quinta (2015), Het geheim van de mist (2016), It geheim fan de mist (2016), Livia’s ruimtedroom (2017), Livia’s romtedream (2017), Remus Reuzenmuis (2018), Remus Reuzemûs (2019), en Het huis van Sijmen (2019)


    Ytsje Steen-Buwalda is berne yn Seisbierrum op 21 april 1959. Nei de legere skoalle (yn Slootdorp, Noard-Hollân) hat sy it ateneum folge op it Lienward College yn Ljouwert, en dêrnei hat sy yn Den Haach de sekretaresse-oplieding fan Schoevers dien. Fan 1978 oant 1984 wie se administratyf meiwurkster by in notaris yn Marrum. Sûnt 2001 wurket se as freelance oersetter en korrektor, ûnder oaren foar Elikser en de Afûk. Yn 2010 hat sy it jeugdboek Koning van Katoren fan Jan Terlouw oerset yn it Frysk, en yn 2016 ferskynde har oersetting Jip en Janneke yn it Frysk.

    Verschijningsdatum 26-11-2019

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-94-6365-189-9
    EAN nummer
    9789463651899
    Auteur
    Marianna van Tuinen
    Vertaler
    Ytsje Steen-Buwalda