Kabel en tou
Afbeelding van Kabel en tou
Afbeelding van Kabel en tou

Kabel en tou

Twillingbroers treffe inoar nei 25 jier wer en rekkenje ôf mei it ferline

€ 17,50



    Omschrijving

    Fiifentweintich jier lyn hat Abe it toufabryk, syn âlden en freonen achter him litten nei’t syn twillingbroer Jelle syn freondinne ferovere hat en mei har troud is. Hy is fan hûs weirûn en yn Noarwegen telâne kaam. Yn in opstiging giet er, tegearre mei syn dochter, werom nei Fryslân en as earste nei it famyljebedriuw. Hy liket sa bot op syn broer, dat se meiïnoar ferwiksele wurde.
    Jelle is no direkteur fan it fabryk en liket fiergeande plannen mei it bedriuw te hawwen. Dat jout in protte ûnrêst ûnder it personiel. En giet it thús wol allegear sa’t it moat? Abe fernimt dat Doet him noch net fergetten is.
    Hy komt foar nuvere ferrassingen te stean. En hy is net de iennichste dy’t noch wat mei it ferline te ferrekkenjen hat.

    Jan Schokker hat in rige fan fiif flotte en fermaaklike misdiedromans skreaun. Dit boek is it earste yn in nij sjenre, yn deselde humoristyske styl.

    Kabel en tou_Inkijk.pdf

    Formaat 145x210x13 mm
    Aantal pagina's 134
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur Jan Schokker
    Biografie

    Yn 1952 berne yn Oranjewâld as helte fan in twilling. Nei in technysk begjin komt it kreative yn him boppe. Fanôf syn fjouwerentweintichste is hy selsstannich mei in eigen standbouw- en beletterings- bedriuw. Skriuwen is fan jongs oan ôf in passy en nei in tal toanielstikken, revu’s, ferhalen, in rige fan fiif misdiedromans, en no it earste yn in nij sjenre. Wenne jierren yn Langsweagen en sûnt 1989 yn Jonkerslân.

    www.janschokker.frl

    Verschijningsdatum 14-09-2016

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-892-4
    EAN nummer
    9789089548924
    Auteur
    Jan Schokker