Koarte Skiednis fan de Fryske skriftekennisse
Afbeelding van Koarte Skiednis fan de Fryske skriftekennisse
Afbeelding van Koarte Skiednis fan de Fryske skriftekennisse

Koarte Skiednis fan de Fryske skriftekennisse

It earste folsleine skiednisoersjoch fan de Fryske literatuer en ûntstien út de praktyk fan it lesjaan. It boek is tige ferheljend fan opset en jout rom omtinken oan persoanen en omstannichheden.

€ 21,50



    Omschrijving

    De earste printing fan Jan Piebenga syn ‘Koarte skiednis’ ferskynde yn 1939. It wie it earste folsleine skiednisoersjoch fan de Fryske literatuer en ûntstien út de praktyk fan it lesjaan. It boek is tige ferheljend fan opset en jout rom omtinken oan persoanen en omstannichheden. It besiket elke Fryske skriuwer in plakje te jaan, ek dyselden dy’t fan it twadde of tredde plan achte waarden. Literatuer en taalbeweging wiene by Piebenga twa kanten fan deselde medaille. Piebenga wie 28 jier doe’t er it boek skreau. Syn generaasjegenoaten liezen it as in meislepende histoaryske roman. Yn 1957 ferskynde de twadde útwreide edysje. It boek foel der doe minder goed yn omdat de grutte feroaringen fan nei 1945 misten. Dat nimt net wei dat it boek foar de stúdzje fan de âldere literatuer noch altyd in weardefolle boarne is. Dizze útjefte is de werprinting fan de twadde edysje út 1957.

    Ryklik de mjitte fan ’e oandacht en de wurdearring krije by Piebenga de minsken mei hertstocht, mei felle begearten, mei demony, mei oanstriid ta it grutte, ek as al dy eigenskippen swak of ûnoannimlik yn it wurk, de prestaasje realisearre binne.

    Y. Poortinga yn de Leeuwarder Courant

    Men wordt hier voorgelicht door een deskundige, die, weliswaar gedreven door de liefde voor Friesland, maar toch voorzichtig en zo objectief mogelijk, de veelsoortige uitingen van de menselijke geest op literair gebied op hun juiste waarde tracht te schatten. Uiteraard is zijn visie persoonlijk.

    B.W. van Klaarbergen yn Levende talen


    Formaat140x210 mm
    Aantal pagina's298 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurJan Piebenga
    Korte levensbeschrijving

    Jan Piebenga (1910-1965) wie ûnderwizer en waard nei de oarloch haadredakteur fan de Ljouwerter Krante. As jonge lies er alle Frysk literêr wurk dat er mar krije koe en syn earste artikel ferskynde al doe’t er noch mar sechtjin jier wie. Hy siet yn it begjinjier 1946 yn de redaksje fan De Tsjerne, mar woe dat dêrnei net kombinearje mei syn wurk foar de krante. Piebenga hie in romantysk-idealisearjende fizy as it om it Frysk en de Friezen gie.

    Verschijningsdatum2010-04-09

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-170-3
    EAN nummer
    9789089541703
    Auteur
    Jan Piebenga