Nachtflecht
Afbeelding van Nachtflecht
Afbeelding van Nachtflecht
Afbeelding van Nachtflecht

Nachtflecht

Ferneamdste roman De St. Exupéry 'Vol de nuit' oerset yn hjoeddeisk Frysk

€ 15,95



    Omschrijving

    ‘Alles wat Saint-Exupéry fertelt docht er mei kennis fan saken. Dat er persoanlik hieltyd mar weroan yn nuodlike situaasjes in oplossing sykje moat, jout syn boek in autentike en ûnneifolgbere bekoaring. Dit ferhaal bewûnderje ik om syn literêre wearde en om’t it in weardefol dokumint is. Dy beide kwaliteiten dy’t op sa’n ûnferwachte wize gearfoege binne, jouwe oan Nachtflecht syn bûtengewoane betsjutting.’
    André Gide

    Vol de nuit is de ferneamdste roman fan De St. Exupéry en waard yn 1941 bekroand mei de Prix Femina. It boek giet oer de striid fan in piloat dy’t út it neat yn in orkaan terjochte komt en de psychologyske spanningen by de direkteur fan de luchtfeartmaatskippij dy’t him de nacht ynstjoerd hat. Syt Bakker-Palma sette it oer út it Frânsk yn hjoeddeisk Frysk.

    Nachtflecht_Inkijk.pdf

    Formaat 125x190x13 mm
    Aantal pagina's 130
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur Antoine de Saint-Exupéry, oerset: Syt Bakker-Palma
    Biografie

    Antoine Marie Jean-Baptiste Roger de Saint-Exupéry (Saint-Maurice-de-Rémens, 29 juni 1900 - bij Marseille, 31 juli 1944) wie in Frânse beropspiloat en skriuwer dy’t yn 1944 sneuvele bij in militère aksje boppe de Middellânse See.

    Syt Bakker-Palma (1936) behelle it twadde- en earstegraads foech foar de Frânske taal. Yn 1995 studearre hja ôf oan de universiteit fan Utert mei in skripsje oer Albert Camus. Yn 2000 slagge hja foar it doktoraal eksamen Frysk oan de universiteit fan Grins.
    In pear jier lyn kaam it Jules Verne-Genoatskip mei it fersyk om ien fan de wurken fan Verne út it Frânsk yn it Frysk oer te setten. Dat waard In wrâldreis yn 80 dagen. Yn 2012 kaam der in twadde oersetting: de ferneamde roman De Pest fan Albert Camus. Fan beide skriuwers bestie earder noch gjin oersetting yn it Frysk.
    Syt Palma is troud mei de neerlandikus Sybe Bakker. Hja hawwe fjouwer bern en fjouwer bernsbern.

    Verschijningsdatum 13-11-2017

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-996-9
    EAN nummer
    9789089549969
    Auteur
    Antoine de Saint-Exupéry
    Vertaler
    Syt Bakker-Palma