Protter-rige II 2015, fjouwer e-boeken

Mentha Minnema en it hûnemystearje – Anny de Jong

Mentha Minnema krijt in brief fan Joukje en Jurjen, want dy binne harren hûn Matte kwyt. Foar de plysje is sa’n hûntsje miskien bysaak, mar Mentha stoart har daliks op it speurwurk. Der ferdwine mear hûntsjes, hast allegear stabijs. Mei de bern komt Mentha stadich tichter by de oplossing. In reade Opel, it âld fabryk, in frjemde Belgyske professor… it binne saken dy’t ûndersocht wurde moatte. Mar it giet Jurjen net hurd genôch, dat hy giet sels op ûndersyk út. Dat is net sûnder gefaar. De plysje komt yn aksje, mar earst belibje de bern bange oerkes op de souder fan it fabryk…

Gefaarlik spul foar Mentha Minnema- Anny de Jong, Riemkje Hoogland-Pitstra en Jan Schotanus

Mei boeven kinne je net boartsje! Se binne gemien, krimineel en geane foar net ien oan ‘e kant. Gefaarlik spul, dus. Seis aventoeren binne yn dit boek byinoar brocht: Yn it earste ferhaal docht Mentha har hûn Grate syn bêst om dieven yn har hûs te pakken, mar rekket sels slim ferwûne. Fierder in neef út Australië dy’t koala-bearkes smokkelet… Cd’s mei in bysûndere hantekening dy’t stellen wurde… Twa broers yn in Dodge dy’t… No ja, lês mar gau dizze seis spannende ferhalen.

De skat fan jonker Jan – Lida Dykstra

Tekla, Timen, Roas en Atse fine it ferskriklik dat jonker Sibe syn state ferkeapje moat. Mar Sibom – sa’t elkenien de âlde jonker neamt – kin net oars: it dak lekt. Op de muorren groeit skimmel, de flierren sitte fol môge… Sibom kin it grut ûnderhâld fan Ealamastate net betelje. Jan Hannes Hakbyl fan Walhalla-hotels wol de state graach keapje. Allinnich, dan wurdt it prachtige hûs wol ôfbrutsen om plak te meitsjen foar in modern hotel. En de fiver en de bosk wurde in swimbad en in golfbaan! Dat mei net trochgean, fine de fjouwer bern. Ealamastate moat bliuwe! As se it ferhaal oer de skat fan jonker Jan hearre, krije se in idee. Sy sille dy skat sykje en fan de opbringsten kin de state opknapt wurde. Mar hoe fynst in skat? Wêr bestiet sa’n skat út? En it alderbelangrykste: hat jonker Jan eins wol écht in skat begroeven yn de tún fan Ealamastate? Of is it mar in leginde…?

Keatse foar de krânse – Jelle Bangma

Jelke hâldt fan keatsen. Hy kin it goed en is ek bloedfanatyk. Gauris wint er de krânse, mar hy moat der wol hiel wat foar oer ha: in soad traine, gjin feestjes, betiid op bêd… Fan syn pake, ek in goede keatser, krijt er in pakje. Bringt dat gelok? Mei syn freonen hat Jelke faak sukses, dus wol hy mear: nei de bûnspartij en fansels nei de Freule! Mar Elske dan, en syn âlde maten? In moai ferhaal oer in jongesdream dy’t útkomt. Ek foar famkes.

Formaat: e-boek
Aantal pagina’s: 92
Verschijningsdatum: 01-10-2015

Aanvullende informatie

Categorieën: , ISBN: 978-90-8954-111-6