Remus Reuzemûs
Afbeelding van Remus Reuzemûs
Afbeelding van Remus Reuzemûs
Afbeelding van Remus Reuzemûs

Remus Reuzemûs

Prachtich printeboek oer in mûs dy’t sels mei de moanne prate kin

€ 15,50



    Omschrijving

    Remus skept altyd op dat er sa grut en sterk is. Mar de oare mûzen lústerje dêr al net mear nei. Dêrom beslút er op in dei om wat te dwaan dêr’t se fêst fan opsjen sille. Hy makket in ljedder en klimt dan yn in hege beam. Mar de ljedder waait fuort en de oare mûzen hawwe him net iens sjoen. Gelokkich sjocht de moanne wol nei Remus. En dy leart him wat dêr’t er hiel bliid mei is. Fan dy dei ôf binne de mûzen grutsk op Remus, dy’t sels mei de moanne prate kin.

    Remusreuzems_Inkijk.pdf

    Formaat 295x210x4 mm
    Aantal pagina's 37
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur / OersetterMarianna van Tuinen / Ytsje Steen-Buwalda
    Biografie

    Marianna van Tuinen (1951) makket sûnt har oplieding oan de Academie voor Beeldende Kunsten ‘Minerva’ printeboeken mei kollaazjes fan papier. Hja yllustrearre û.o. it Fryske berneboekewike-geskink fan 1995 (Gele Gijs & Lange Loeres) en de seizoenbesjochplaten foar In De Maneschijn(1993). By in tentoanstelling fan de Nederlandse Illustratoren Club yn it Stedelijk Museum fan Amsterdam wûn hja de 4e priis fan it publyk.

    Nei in perioade fan tentoanstellingen mei frij wurk is hja werom by de berneboeken: yn 2010 waarden Hoe doet de haan? en Wat doet de dolfijn? (útjouwerij Clavis) útbrocht, en ek de fioelmetoade Tovernoot (boekhannel Broekmans & Van Poppel) fan de fioeliste Anneke Wittop Koning.

    Yn 2011 brocht Elikser har boek Ando en de gouden bal út, folge troch De regenboogdolfijn (2012), Hoger en hoger (2013), De Vuurdiamant (2014), De Fjoerdiamant (2014), De buitenaardse reis van Q en Quinta (2015), De bûtenierdske reis fan Q en Quinta en yn 2016 Het geheim van de mist.

    ----------------------

    Ytsje Steen-Buwalda is berne yn Seisbierrum op 21 april 1959. Nei de legere skoalle (yn Slootdorp, Noard-Hollân) hat sy it ateneum folge op it Lienward College yn Ljouwert, en dêrnei hat sy yn Den Haach de sekretaresse-oplieding fan Schoevers dien. Fan 1978 oant 1984 wie se administratyf meiwurkster by in notaris yn Marrum. Sûnt 2001 wurket se as freelance oersetter en korrektor, ûnder oaren foar Elikser en de Afûk.
    Yn 2010 hat sy it jeugdboek Koning van Katoren fan Jan Terlouw oerset yn it Frysk, en yn 2016 ferskynde har oersetting Jip en Janneke yn it Frysk.

    Verschijningsdatum 11-03-2019

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-94-6365-126-4
    EAN nummer
    9789463651264
    Vertaler
    Ytsje Steen-Buwalda
    Auteur
    Marianna van Tuinen