The challenge (Frysk)
Afbeelding van The challenge (Frysk)
Afbeelding van The challenge (Frysk)

The challenge (Frysk)

Spannend jongereinboek fan thrillerskriuwster Anita Terpstra foar earste klassen middelber ûnderwiis yn it ramt fan it LêsNO-projekt

€ 9,95



    Omschrijving

    ‘Wêr bin ik? Wat is dit? Wa binne jim?’ frege Jesse bang.
    Hy siet op in houten stoel. Syn hannen wienen fêstbûn achter syn rêch, syn ankels fêstmakke oan de spilen. Hy koe gjin kant op.
    Foar him stienen twa figueren yn swarte overals, de gesichten ûnwerkenber, om’t se in mûtse op hienen dy’t harren hiele holle beduts, op de eagen nei.

    Jesse wurdt ûntfierd troch twa ûnbekende figueren. Se twinge him om mei te dwaan oan The Challenge: in soarte fan spul wêrby’t er in oantal walchlike opdrachten útfiere moat, sa as bygelyks fiif teanneils opite. It hiele barren wurdt live útstjoerd.
    Wa binne de beide figueren? En wêrom ha se him pakt?

    Wilens hâldt ien it trijetal yn ’e gaten …

    Thechallenge_Inkijk.pdf


    Formaat 140x215x7 mm
    Aantal pagina's 71
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur en vertalerAnita Terpstra - Martsje de Jong
    Biografie

    Anita Terpstra studearre sjoernalistyk en keunstskiednis. Se debutearre yn 2009 mei Nachtvlucht, dat nonimeare waard foar de Schaduwprijs en de Crimezone Thriller Award. Dêrnei hat se noch ferskillende thrillers publisearre, dy’t allegear posityf besprutsen waarden. Har boeken wurde ek yn Dútslân en Frankryk publisearre. Ek skreau se in non-fiksje boek oer grutte húshâldens, Het huis vol.

    The challenge is har earste boek foar dizze leeftiidsgroep.

    Verschijningsdatum 06-01-2020

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-94-6365-187-5
    EAN nummer
    9789463651875
    Auteur
    Anita Terpstra
    Vertaler
    Martsje de Jong