Lykwicht sykje

As in koarddûnser rin ik op de line fan it libben sykje lykwicht tusken freugde en fertriet tusken it famke en de frou.
As in koarddûnser sykje ik lykwicht yn it libben.

Yn dizze bondel fynt Jildou Elgersma wurden foar har syktocht nei it lykwicht. Fol striid, gauris sûnder ûntwyk, mar wol altyd burgen yn de leafde fan har Himelske Heit. Nei har earste boek Finzen tusken libben en dea is de dichteresse gâns groeid yn har dichterskip. Fersen om stil fan te wurden.

Formaat: 125x190
Aantal pagina’s: 91
Verschijningsdatum: 21-12-2013

Aanvullende informatie

Auteur

Categorieën: , ISBN: 978-90-8954-593-0