Finzen tusken libben en dea

Stean ik foar de spegel is it krekt as stoarret in frjemd my oan.

Brûk ik myn stim is it krekt as harkje ik nei in oar.

Ik bin mysels en dochs ek net.

Jildou Elgersma bondelt yn dit boek fersen oer in swiere perioade yn har libben. De tiid dat it tsjuster en kâld wie en se gjin diel krije koe oan it libben om har hinne. Yn it begjin fan de bondel oerhearsket it tsjuster, mar geandewei wurdt it stadich wer ljocht.
Jildou jout har tinzen earlik en hiel dúdlik wer, soms mar mei inkele pinnestreken. Har bondel rekket je yn it hert, omdat se wurden fûn hat foar har fertriet en pine, mar ek foar de kleur, dy’t it libben stadich wer kriget.

Formaat: 145 x 210 mm
Aantal pagina’s: 79
Verschijningsdatum: 17-04-2010

Aanvullende informatie

Auteur

Categorieën: , ISBN: 978-90-8954-154-3