Bart Kingma

Bart Kingma
Bart Kingma waard yn 1970 berne yn Wommels. It grutste part fan syn jeugd brocht er troch yn Kollum. Nei syn hbo-stúdzje Journalistyk yn Zwolle wurke er by ferskate media yn Noard-Nederlân, as journalist, senarioskriuwer en regisseur. Sûnt 2000 makket er skoaltelevyzjeprogramma’s by Omrop Fryslân. De televyzjesearje ‘11&30, de Kanon fan de Fryske Skiednis’ is troch hem opsetten, skreaun en regissearre, lykas oare programma’s foar basisskoallen en fuortset ûnderwiis. Dêrneist docht er skriuwwurk, ûnder oaren lietteksten. Syn oersettings fan lieten fan Leonard Cohen waarden troch ferskate Fryske artysten útfierd en rûnom yn it lân goed ontfongen. Bart Kingma wennet mei frou en trije bern yn Rie. Griene Simmer is syn debútroman.