Jurjen van der Meer

Jurjen van der Meer
Jurjen van der Meer (1957) is berne yn Skearnegoutum, mar wennet syn hiele libben al yn Terkaple-Eagmaryp. Hy publisearre twa dichtbondels: Yn ’e fierte 1986 (poëzij foar folwoeksenen) en Freedtemiddei Frij 1996 (poëzij foar bern) en in pear berneboeken. Hy hat him de lêste jierren talein op it skriuwen fan lieten en edukatyfmateriaal. Jurjen hat lang foar de klasse stien. Op dit stuit is er einredakteur fan it tiidskrift Tsjek by Cedin Drachten. Fierder skriuwt er teksten foar Omrop Fryslân, wurke er mei oan Studio F, Tomke en is er dwaande mei teaterproduksjes. Jurjen is troud, hat twa folwoeksen bern, fjouwer pakesizzers, spilet gitaar en mei graach yn it fjild omstrune.