Lois McMaster Bujold

Lois McMaster Bujold
Lois McMaster Bujold (1949) is ien fan ’e meast foaroansteande Amerikaanske science fiction- en fantasy-auteurs. Mei har oeuvre fan hast tritich romans en novelles, wêrûnder de populêre Vorkosigan-rige, hat se troch de jierren hinne withoefolle prizen wûn. Har wurk is oerset yn likernôch tweintich talen, en se hat fans oer de hiele wrâld. Bujold is hikke en tein yn ’e neite fan Columbus, yn ’e steat Ohio, mar wennet al mear as tweintich jier yn Edina, in foarstêd fan Minneapolis, yn Minnesota. Se hat twa folwoeksen bern. Mear ynformaasje (yn it Ingelsk) is te finen op Bujold har offisjele webside www.dendarii.com.