List, lust, leafde
Afbeelding van List, lust, leafde
Afbeelding van List, lust, leafde

List, lust, leafde

Oansprekkende roman Sjieuwe Borger oer langst en ferfolling fan langst

€ 19,95



    Omschrijving

    Reinou en Douwe ferhúzje nei it doarp. Reinou moat slim wenne. Sy fynt harsels werom yn lange kuiers mei har hûntsje, yn in leech lânskip en beseft dat sy persoanlik tekoart komt. Douwe giet op yn de doarpsmienskip en komt by syn âlde leafde, de muzyk, syn nije leafde tsjin. As Reinou de man fan har dreamen treft, winsk en fertriet fan Douwe wûnderlik gearfalle, is der gjin wei mear werom. Of dochs wol?

    De titel fan de nijste roman fan Sjieuwe Borger seit himsels. Yn it libben giet it om langst en ferfolling fan langst, op hokker wize dan ek. Mar bliken docht dat tafal him net stjoere lit en de leafde by einsluten wint.

    Listlustleafde_Inkijk.pdf

    Formaat 145x210 mm
    Aantal pagina's 164
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur Sjieuwe Borger
    Biografie

    Sjieuwe Borger waard berne yn Meppel. Syn ierste bernetiid brocht er troch yn Gythoarn dêr’t syn heit ûnderwizer wie oan de iepenbiere legere skoalle. Dêrnei ferfearne sy nei Grou, en makke er it doarpslibben mei alle innen en oanen mei. Hy die gymnasium yn It Feen en studearre dêrnei rjochten yn Grins. Op de legere skoalle begûn er mei skriuwen. Der is in boekje út dy tiid, it siet der altiten al yn. Syn freon Durk van der Veen sette him wer ta skriuwen oan en tegearre hiene sy ein jierren 90 in fúljeton yn de Blauwe Fedde fan Nyk de Vries en Meindert Talma. Dêrnei fûn de skriuwer syn styl. Ien fan syn skaaimerken is de ferteller as observator. Yn 2018 ferskynde by Elikser fan him de roman Pûlen-yn-de-pot.

    Verschijningsdatum 08-03-2023

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-94-6365-512-5
    EAN nummer
    9789463655125
    Auteur
    Sjieuwe Borger