Lockdownleafde
Afbeelding van Lockdownleafde
Afbeelding van Lockdownleafde

Lockdownleafde

In humoristysk en spannend ferhaal mei in gastrol fan Connie (Onnie) Kamstra

€ 12,50



    Omschrijving

    Panhuys is de populêrste klup fan Ljouwert. Dat komt foaral troch eigener en DJ Ewald, dy’t de sfear ta grutte hichten wit te bringen. Mar dan komt koroana. It lân leit plat, de klup moat slute en Ewald is syn hâldfêst kwyt. As er syn suster helpt mei de húshâlding docht bliken dat er dêr tige slach fan hat en al gau bedarret er ek op oare plakken. Wylst er sa goed mooglik syn bêst docht, komt er troch ferskate froulju yn yngewikkelde situaasjes telâne.
    In humoristysk en spannend ferhaal mei in gastrol fan Connie (Onnie) Kamstra.

    Lockdownleafde_Inkijk.pdf

    Formaat 145x210x10 mm
    Aantal pagina's 98
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur Hilda Talsma
    Biografie

    Hilda Talsma (1971) is in flotte skriuwster dy’t har spoaren al mear as fertsjinne hat yn de Fryske literatuer. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum. Dêrnei skreau se it boek Brekber, oer it bysûndere hynstefamke Sinne. In pear jier letter ferskynden de skûtsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de wierheid & Wyn fan de winners. Yn De Onnie’s en it hynstebal komme personaazjes út al dizze romans wer werom. Tuskentroch skreau se de jeugdroman Slangen ûnder it bêd.

    Verschijningsdatum 19-03-2021
    Recensies

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-94-6365-308-4
    EAN nummer
    9789463653084
    Auteur
    Hilda Talsma