Wyn fan de wierheid

Wyn fan de wierheid is
it ferfolch fan de bestseller
Wyn fan
feroaring
. De famylje Kamstra sylt foar de earste kear mei de Alinde yn de
grutte A-klasse, en dat soarget foar de nedige spanningen. It famyljegeheim drukt
noch altyd in stimpel op Johanna har libben. Se liket ek mar net fan har
eks-skoanfamylje ôf te kommen, en Ate is net tefreden oer it nije túch. As se op
’e falreep sûnder folchboat komme te sitten, moat it skip fan Ate en Johanna boppedat
ek noch tsjinst dwaan as sintraal punt en wurde de Onnie’s de baas yn harren
keuken. De hurdsylwike set it libben fan Johanna en Ate dan ek folslein op ’e kop. Se moatte roeie mei de
riemen dy’t se hawwe om de holle boppe wetter te hâlden… yn mear as ien opsicht.

Wyn fan de wierheid
is wer in hearlik boek fol spanning, aventoer, humor en romantyk, dat de lêzer
meinimt yn ’e wrâld fan de skûtsjesilerij en de simmer yn Fryslân.

 

Formaat: 145x210
Aantal pagina’s: 232
Verschijningsdatum: 22-06-2016

Aanvullende informatie

Auteur

Categorieën: , ISBN nummer: 978-90-8954-874-0