Libben en dea neffens Jelke Bos

Labrador Jelke Bos is oan it skriuwen rekke troch in hast-dea-ûnderfining:
hy woe de bal dy’t syn baas yn de sleat keild hie ophelje – en doe barde it. Hy
koe ynienen neat mear en fielde himsels út it libben weiglydzjen. En dat wie
eins net iens sa slim. Dat syn baas yn de sleat stapte en him derút helle, koe
Jelke wol begripe. Mar efternei hie er leaver hân dat er doe op dat stuit yn
alle frede stoarn wie. En dêr prakkesearret er no oer en skriuwt it op. Tagelyk
jout er kommentaar op it libben fan de minsken yn it algemien en dat fan syn
baas Omkoal yn it bysûnder. Jelke rekkenet derop dat it manuskript mei syn
tinzen oer it libben en oer de dea wol troch Omkoal fûn wurde sil. ‘Ik skink
him it kopijrjocht, dan kin er ek nochris in buossint oan my fertsjinje.’

‘Fansels kinne wy hûnen wol prate, alle hûnen
kinne prate al fan âlde tiden ôf oant hjoeddedei ta.
Mar wy dogge
it net. Wy sille wol gek wêze.
As minsken
yn ’e rekken krije dat wy prate kinne, dan is dat foar har in bewiis dat wy
yntelligint binne en dan skêkelje se ús helendal yn it arbeidsproses yn.’

‘Mar no’t ik sels dwaande bin myn
libben oer te eidzjen, haw ik spitigernôch gjin oare termen om myn fielingen
mei te beneamen as de minsklike. Wy hûnen prate noait oer soks. En ik wit net
oars of ik moat in wat grynderige toan oanslaan. No, dat liket my op fleanen,
ik wol nofteren prate oer it libben en de dea en dat dwaan yn gewoane wurden.’

Libben en dea inkijk.pdf

Formaat: 135x200x7 mm
Aantal pagina’s: 72
Verschijningsdatum: 04-10-2017

Aanvullende informatie

Auteur

Categorieën: , ISBN nummer: 978-90-8954-989-1