Sulver en minsken
‘Der is gjin frede en gjin rêst bij de ûntjouwing fan
saaklike belangen. Dy ha har eigen wet en rjucht. Mar it is baseard op wat it
bêste útkomt en is ûnminsklik. It is net rjuchtskepen, hat net dy tiidloasheid
en dy kracht dy’t men inkeld fine kin yn in moreel begjinsel.’
Dat sitaat soe men mei rjucht it tema neame kinne fan dit boek Sulver en minsken (1904). De
belangrykste ‘
persoan’ soe men de
sulvermyn neame kinne dêr’t alles om draait.
It is likernôch 1885. Yn it
fiktive Súd-Amerikaanse lân Costaguana erft Charles Gould fan syn heit, ryk
keapman dêre, foar ivich in rike mar fertutearzge en net mear aktive sulvermyn,
syn heit optwongen troch in korrupt bestjoer dat him lykwols wol twingt om in
deel fan de ‘winst’ ôf te dragen. De idealistise Charles hopet mei in goed
wurkjende myn de korrupsje en wetteloasheid, sa typearend foar al dy
Súd-Amerikaanse lannen, bestride te kinnen:
‘ik
festigje myn hoop op saaklike belangen. Lit de saaklike belangen earst mar ris
de fuotten stevich ûnder it gat krije, dan kin it net oars of se lizze de omstandichheden
op wêrûnder dy allinnich mar bestean bliuwe kinne. Op dy manier wurdt jo
jildfertsjinjen hjir rjuchtfeardige tsjinoer wetteloasheid en gaos. (…) Dat is
dyn strieltsje hoop.’ Hij kriget jildlike stipe út Amearika en tagelyk wurde
mei Ingels kapitaal spoarwegen oanlein.
Charles syn myn begjint rynsk te
floeien mei sulver. En dat is tagelyk in nij probleem: dat sulver driicht in
doel op himsels te wurden en wekket ek de habsucht op fan in korrupte
regearingsklyk. It wurdt in symboal fan in stribjen nei rykdom, macht en
ynfloed: it symboal fan de oerwinning op de simpele minsklikheid,
ferpersoanlike yn foaral de frou fan Charles Gould, Emilia.
Mei in bûnt ferskaat fan
fassinearende persoanen skildert Conrad de ynfloed fan it sulver op har dwaan en
har idealen: kinne sij minsken bliuwe dy’t har idealen bewarje en it sulver net
ta in doel op himsels wurde litte?
Mei dit boek hat Conrad yn
prachtich Ingels in ûnferjitlik masterwurk skreaun oer de striid tusken
saaklike belangen en morele begjinsels. In boek dat ek krekt
hjoed-de-dei noch neat fan syn aktualiteit ferlern hat.
Aanvullende informatie
| Auteur |
|---|
De reddende pen
€ 17,50Onvolmaakt gelukkig
€ 23,50Pennsylvania
€ 23,50Het vergeten lied
€ 28,50






