Brekber
Afbeelding van Brekber
Afbeelding van Brekber

Brekber

Flotte en spannende roman oer in jonge frou dy’t hiel goed mei hynders omgean kin, mar minsken soms minder begrypt

€ 18,95



    Omschrijving

    Sinne kin better mei hynders as mei minsken. Dy begrypt se teminsten en sy begripe har. Freonen hat se net, ôfsjoen fan Jorrit dy’t se al har hiele libben kin en dêr’t se letter in relaasje mei krijt. Hy begrypt har folslein, mar wol mear fan har as dat se him jaan kin.
    As se mei har âlden en sus nei Sardinië giet, op besite by har earder noch ûnbekinde pake en beppe, wurdt dúdlik wêr’t Sinne har leafde en talint foar hynders fan hat mar ek har ûnfermogen om echt kontakt mei minsken te lizzen. Se treft in ruter dêr’t se slim fan ûnder de yndruk rekket en dat set alle ferhâldingen op skerp.
    Desyllusionearre giet se werom nei hûs. Se fynt wurk op in maneezje dêr’t se it nei ‘t sin hat. Mar dat duorret net lang, se krijt in nije baas. Hy hat in kompleet oare fizy as har. Se kin him net útstean en hy fynt har in oansteller. Dochs krije se úteinlik wat mear respekt foar elkoar mar dan sjocht Sinne eat dat har hert brekt en hy is dêrby belutsen. Se nimt in rigoereus beslút mar flechtet foar de gefolgen. En dan komt se harsels goed tsjin.

    Hilda Talsma stiet bekend om har flotte en frisse skriuwstyl. Har boeken lûke in breed publyk. Earder skreau se de trilogy De twadde hûd, Flammen en It geloksbern.

    Formaat

    145x210

    Aantal pagina's 314
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur

    Hilda Talsma

    Biografie

    Hilda Talsma is jierren lyn begûn te skriuwen en hat ferskate kursussen dien. Mar de opfieding fan fjouwer bern mei de dêrby hearende húshâlding hie de prioriteit.
    No’t de bern grutter wurde en de tiid rûmer, hat se har skriuwen fierder untwikkele. Skriuwe fynt se it moaiste dat der is en se kin har der hielendal yn ferlieze.
    Yn har boeken stiet de minsk en de leafde yn al syn foarmen sintraal. Har motto is: Je binne wa’t je binne, net om wat je hawwe as wat je kinne. Elts minsk is wichtich en de dingen binne faak oars as dat je tinke.

    Verschijningsdatum

    27-08-2014

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-661-6
    EAN nummer
    9789089546616