De bûtenierdske reis fan Q en Quinta e-boek
Afbeelding van De bûtenierdske reis fan Q en Quinta e-boek
Afbeelding van De bûtenierdske reis fan Q en Quinta e-boek
Afbeelding van De bûtenierdske reis fan Q en Quinta e-boek

De bûtenierdske reis fan Q en Quinta e-boek

Prachtich printeboek oer romtereis dêr’t Quinta bûtenierdske wêzens treft

€ 7,50



    Omschrijving

    Quinta boartet yn de tún en krijt ynienen besite fan in wûnderlik wêzen yn in soarte fan luchtbel. It hat mar ien each en sjocht har freonlik oan.
    ‘Ik bin Q’, seit it frjemde dier. ‘Ik bin myn hûs kwyt. It is ergens yn de kosmos, mar ik wit net mear wêr. Helpsto my om it te sykjen?’
    Dat wol Quinta wol. Se stapt yn de bol en giet mei Q de romte yn. Op elke planeet dêr’t se komme treffe se bûtenierdske wêzens. Dy sjogge der hiel ferskillend út. Se meitsje in soad nije freonen.
    It wurdt hiel spannend as der in pear romtegrizels ferskine. Hoe komme se dêr lâns? Sille se oait it hûs fan Q fine? Dan docht Quinta in bysûndere ûntdekking …

    De butenierdske reis_Inkijk.pdf

    Formaat e-boek
    Aantal pagina's 65
    Levertijd 0 werkdagen
    Auteur / OersetterMarianna van Tuinen / Ytsje Steen-Buwalda
    Biografie

    Marianna van Tuinen (1951) makket sûnt har oplieding oan de Academie voor Beeldende Kunsten ‘Minerva’ printeboeken mei kollaazjes fan papier. Hja yllustrearre û.o. it Fryske berneboekewike-geskink fan 1995 (Gele Gijs & Lange Loeres) en de seizoenbesjochplaten foar In De Maneschijn (1993). By in tentoanstelling fan de Nederlandse Illustratoren Club yn it Stedelijk Museum fan Amsterdam wûn hja de 4e priis fan it publyk.
    Nei in perioade fan tentoanstellingen mei frij wurk is hja werom by de berneboeken: yn 2010 waarden Hoe doet de haan? en Wat doet de dolfijn? (útjouwerij Clavis) útbrocht, en ek de fioelmetoade Tovernoot (boekhannel Broekmans & Van Poppel) fan de fioeliste Anneke Wittop Koning.
    Yn 2011 brocht Elikser har boek Ando en de gouden bal út, folge troch De regenboogdolfijn yn 2012, Hoger en hoger yn 2013, en De Vuurdiamant yn 2014.

    Ytsje Steen-Buwalda is berne yn Seisbierrum op 21 april 1959. Nei de legere skoalle (yn Slootdorp, Noard-Hollân) hat sy it ateneum folge op it Lienward College yn Ljouwert, en dêrnei hat sy yn Den Haach de sekretaresse-oplieding fan Schoevers dien. Fan 1978 oant 1984 wie se administratyf meiwurkster by in notaris yn Marrum. Sûnt 2001 wurket se as freelance oersetter en korrektor, ûnder oaren foar Elikser en de Afûk. Yn 2010 hat sy it jeugdboek Koning van Katoren fan Jan Terlouw oerset yn it Frysk, en yn 2016 ferskynde har oersetting Jip en Janneke yn it Frysk.

    Verschijningsdatum 11-07-2016

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-848-1
    EAN nummer
    9789089548481