De Gouden Swipe
Afbeelding van De Gouden Swipe
Afbeelding van De Gouden Swipe

De Gouden Swipe

De Gouden Swipe wie de earste roman fan Abe Brouwer. Foar it ferskinen yn 1941 waard it ferhaal al as fúljeton yn it wykblêd Sljucht en Rjucht publisearre. It is ien fan de meast lêzen Fryske boeken en waard ferfilme troch Steven de Jong.

€ 17,50



    Omschrijving

    Douwe Ates Wallinga syn grutste dream is it winnen fan de Gouden Swipe by de hynstedraverij. Mei syn djoere leafhawwerij ferspilet er hast syn pleats. Dat wurdt foarkommen troch in liening fan in dubieuze freon, mar syn frou Lysbet ‘moat de rinte betelje’. As soan Ate letter de wierheid ûntdekt kriget er spul mei syn heit en krijt er ûnderdak op de pleats by syn omke Ids. As stamhâlder Ate fereale rekket op de dochter fan de arbeider is der noch in kear spul. De striid tusken heit en soan wurdt by eintsjebeslút op de drafbaan útfochten. De Gouden Swipe wie de earste roman fan Abe Brouwer. Foar it ferskinen yn 1941 waard it ferhaal al as fúljeton yn it wykblêd Sljucht en Rjucht publisearre. It is ien fan de meast lêzen Fryske boeken en waard ferfilme troch Steven de Jong.

    Dit boek is de werútjefte fan de tolfde printing út 1985.

    Abe Brouwer is in earste klas ferteller. Hy wit sa byldzjend te skriuwen dat it ferhaal by de lêzer as in film oerkomt. Dat filmyske is ien fan de geheimen fan it sukses fan dizze roman.

    Jan Jongsma yn it Friesch Dagblad

    Een groot compliment aan dit boek dat is geschreven met een grote vaart en omdat het ons een bewogen verhaal geeft met sterke figuren en een spannende handeling van de eerste tot de laatste bladzijden.

    M. Wolters yn de Volkskrant.

    Formaat125x200 mm
    Aantal pagina's260 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurAbe Brouwer
    Korte levensbeschrijving

    Abe Brouwer (1901-1985) waard berne op Burgumerheide (no Noardburgum). As jonge fan alve moast er al mei heit te strjitlizzen. Fan 1920 oant 1925 wurke er yn Eindhoven. Dêr die bliken dat er eins net sûnder Fryslân koe. Dêr begûn hy ek te skriuwen. Yn ’e rin fan ’e jierren skreau er in lange rige tonielstikken, romans en ferhalen.

    Verschijningsdatum2010-04-09

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-180-2
    EAN nummer
    9789089541802