De Kaartlizzer (e-boek)
Afbeelding van De Kaartlizzer (e-boek)
Afbeelding van De Kaartlizzer (e-boek)

De Kaartlizzer (e-boek)

In skiednis fan begearte en bedroch dy't him ôfspilet yn in broeiske sfear fan rabberij, byleauwe en erotyk. It is it ferhaal fan in groeiende spjalt tusken man en wiif.

€ 5,50



    Omschrijving

    De Kaartlizzer (1856) fertelt in skiednis fan begearte en bedroch dy't him ôfspilet yn in broeiske sfear fan rabberij, byleauwe en erotyk. It is it ferhaal fan in groeiende spjalt tusken man en wiif. Hy in bolderbast dy't it leauwe ôfsward hat, sy fynynlein, from foar de hân, bang en byleauwich. In kaartlizzer hat har foarsein dat har man stjerre en sy boerinne wurde sil, en dan begjint se út te sjen nei de dea fan har man. Troch it tapassen fan flashbacks en toanieldialogen en troch it efterhâlden fan ynformaasje liket it ferhaal ynearsten in puzzel dy't de lezer oplosse moat. Oan 'e ein falle de stikken teplak yn in flymskerp portret.

    Formaate-boek
    Aantal pagina's74
    Levertijd0 werkdagen
    AuteurHjerre Gjerrits van der Veen
    Korte levensbeschrijving

    Hjerre Gjerrits van der Veen (Grou 1816 - Moarmwâld 1887) wie skoalmaster te Dunegea en Driesum. Al yn syn Grouster tiid begûn er mei it skriuwen fan literêre teksten, en dêr is er ek al syn libben mei trochgien. Dochs kaam letter de sjoernalistyk op it foarste plak. Oer fan alles hat er syn ljocht skine linen. Syn literêre wurk kaam dêrby wol wat yn ’e knipe. De Kaartlizzer is it iennige dat der útkipt, in wurk dat syn tiid hûndert jier foarút wie.

    Verschijningsdatum2012-05-01

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-407-0
    EAN nummer
    9789089544070