De oare helte (e-boek)
Afbeelding van De oare helte (e-boek)
Afbeelding van De oare helte (e-boek)

De oare helte (e-boek)

Yn De oare helte fertelt de Fryske berneboekeskriuwster Nynke fan Hichtum har libbensferhaal. Sjoukje Bokma de Boer, sa’t de skriuwster hjitte, libbe fan 1860-1939. As frou fan politikus en Frysk dichter Piter Jelles Troelstra makke sy de opkomst fan de arbeidersbeweging yn Fryslân en de lanlike striid fan tichte by mei.

€ 7,50



    Omschrijving

    Yn De oare helte fertelt de Fryske berneboekeskriuwster Nynke fan Hichtum har libbensferhaal. Sy docht dat net gronologysk, mar sa’t it ûnthâld it bewarre hat. Sjoukje Bokma de Boer, sa’t de skriuwster hjitte, libbe fan 1860-1939. As frou fan politikus en Frysk dichter Piter Jelles Troelstra makke sy de opkomst fan de arbeidersbeweging yn Fryslân en de lanlike striid fan tichte by mei. Op in tige persoanlike wize fertelt de skriuwster fan Afke’s Tiental oer hoe’t hja mei Troelstra yn ’e kunde kaam, oer de bern en har wurk as skriuwster, oer it houlik en de skieding dêr’t dat – mei troch har swakke sûnens – op útrûn. En oer hoe’t sy geandewei minder opseach by har man en har eigen paad fûn as berneboekeskriuwster. De auteur brûkt yn dit boek in styl fan fertellen dy’t oanslút by de sfear fan de tiid dêr’t de roman yn spilet.
    Dit boek is de werútjefte fan de twadde printing út 1997.

    Yn De oare helte wurdt it romantisearre libbensferhaal ferteld fan in frou dy’t mear wêze woe as allinne mar de oare helte fan de steatsman Troelstra.
    Henk van der Veer yn it Sneeker Nieuwsblad.

    Het is een boek over de wordingsgeschiedenis van een vrouw, die leek voorbestemd om als steun en toeverlaat van haar man het lot van invisible woman te ondergaan. Het tegendeel is waar.
    Jurjen Wiersma yn HN Magazine

    Formaate-boek
    Aantal pagina's266
    Levertijd0 werkdagen
    AuteurTineke Steenmeijer-Wielenga
    Korte levensbeschrijving

    Tineke Steenmeijer-Wielenga (1946) waard berne yn Assen en groeide op yn Dordrecht. Se studearre Nederlânsk en Frysk oan de universiteit fan Utert. Letter krige se wurk by it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) yn Ljouwert en waard yn 1986 konservator. Se publisearre in grut tal artikels oer literêr-histoaryske ûnderwerpen.

    Verschijningsdatum2012-04-16

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-402-5
    EAN nummer
    9789089544025