De Reade Bwarre
Afbeelding van De Reade Bwarre
Afbeelding van De Reade Bwarre

De Reade Bwarre

De Reade Bwarre wurdt algemien sjoen as it hichtepunt yn it wurk fan Trinus Riemersma. Hy krige der yn 1995 de Gysbert Japicxpriis foar. It boek stelt troch de ôfwykjende stavering it ideaal fan it Frysk as in folsleine kultuertaal yn de kiif.Gratis verzending

€ 24,50



    Omschrijving

    It kearnferhaal yn dit boek hannelet oer de bodzjende gerniershúshâlding Bosma, alias de ‘Modderklauers’, op it Ferwerter klaailân. Dêrnêst is der de geheimsinnige sekte fan de ‘Bwarristen’ dy’t de lear neifolget fan de reade boarre Boldgrim, de ‘grutte ferneuker’. In tredde ferhaalline fertelt de jeugdoantinkens fan it jonkje Tilly, it autobiografyske part fan it boek. Tuskentroch spylje parody op en polemyk mei histoaryske figueren út de Fryske beweging en literatuer, taalwittenskip en skiednis in rol.

    It boek stelt troch de ôfwykjende stavering it ideaal fan it Frysk as in folsleine kultuertaal yn de kiif. Riemersma doktere dy stavering út yn de tiid dat hy en oaren iveren foar fiergeande staveringsfernijing, dy’t der yn 1980 by einsluten net kaam.

    De Reade Bwarre wurdt algemien sjoen as it hichtepunt yn it wurk fan Trinus Riemersma. Hy krige der yn 1995 de Gysbert Japicxpriis foar. Dit boek is de werútjefte fan de twadde printing út 1993.

    In de roman is alles gethematiseerd wat de Friese literatuur tot de Friese literatuur maakt.

    Liesbeth Brouwer yn Parmentier

    Uiteindelijk is het boek – ook – geworden wat Riemersma destijds voor ogen had: een literaire hommage aan zijn vader.

    Sytske van Aalsum yn Trouw

    Riemersma boartet mei syn lêzers, mei syn ferhalen en mei himsels as skriuwer. Hy jaget de boel yn de bulten. Riemersma is ús earste postmodernist yn in faaks noch mytysk Fryslân.

    Advyskommisje GJpriis 1995 yn Trotwaer

    Formaat140x210 mm
    Aantal pagina's505 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurTrinus Riemersma
    Korte levensbeschrijving

    Trinus Riemersma (1938) wurke nei syn oplieding in skoft as skoalmaster. Dêrnei folge er in rige stúdzjes Fryske taal en letterkunde wat late ta in dissertaasje yn 1984. Hy hat in libben lang skreaun en wurdt sjoen as ien fan de wichtichste Fryske auteurs fan de lêste fyftich jier.

    Verschijningsdatum2010-04-09

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-172-7
    EAN nummer
    9789089541727