De smearlappen (e-boek)
Afbeelding van De smearlappen (e-boek)
Afbeelding van De smearlappen (e-boek)

De smearlappen (e-boek)

De smearlappen is de iepenhertige bycht fan in jonge frou, Deboara Eelkje Lyklama Taconis, dy’t langet nei frijheid en fiere fierten. Doe’t De smearlappen yn 1963 ferskynde, joech dat gâns opskuor. De auteur skreau foar dy tiid frijmoedich en ûntheisterjend oer seks. It boek waard in bestseller en in Nederlânske útjefte ferskynde by Bruna.

€ 6,-



    Omschrijving

    De smearlappen is de iepenhertige bycht fan in jonge frou, Deboara Eelkje Lyklama Taconis, dy’t langet nei frijheid en fiere fierten. Se wennet allinne mei har heit, in ‘gelearde boer’, dy’t hielendal opgiet yn syn genealogyske hobbys. Op in jûn komt in jongkeardel oan de doar om in ammerke molke. It is Wilte Akkerbol, ien fan fjouwer bruorren dy’t mei har arkje yn de buert lizze foar baggerwurk. Eelkje slacht him oan de heak mar wurdt it slachtoffer as de bruorren har der mei bemuoie. Har heit blykt by einsluten de grutste smearlap.
    Doe’t De smearlappen yn 1963 ferskynde, joech dat gâns opskuor. De auteur skreau foar dy tiid frijmoedich en ûntheisterjend oer seks. It boek waard in bestseller en in Nederlânske útjefte ferskynde by Bruna.
    Dizze sânde printing is de yntegrale werjefte fan de sechsde út 1983, mei ynbegryp fan de tekeningen dy’t Gerrit Breteler op fersyk fan de auteur makke hat.

    Wat my it meast boeid hat by it op ’en nij lêzen fan De smearlappen is de styl fan skriuwen. Wadman hâldt konstant de gong deryn, mei in treflike ôfwikseling fan woede, fertriet, sarkasme, spot, selsspot, allegearre to the point ferwurde en krekt dosearre.
    Tiny Mulder oer de sânde printing yn it Friesch Dagblad

    Eelkje is op syn minst fyftich prosint skuldich oan it drama en ik leau dat dat by Wadman it revolúsjonêre is, dat De smearlappen sa populêr makke hat. Eelkje is in geile boeredochter en dat mocht net yn de Fryske eroatyske tradysje (Kloosterman, Brolsma).
    Steven H.P. de Jong yn Ta in hichte of de balke yn eigen each

    Formaate-boek
    Aantal pagina's57
    Levertijd0 werkdagen
    AuteurAnne Wadman
    Korte levensbeschrijving

    Anne Wadman (1919-1997) joech al ier bliken fan syn niget oan muzyk, literatuer en it Frysk. Hy studearre Nederlânsk oan ’e Universiteit fan Amsterdam en wurke lange tiid by it ûnderwiis. Hy waard ien fan de meast produktive Fryske skriuwers en kritisy. Twa kear krige er de Gysbert Japicxpriis, yn 1952 en 1989. Hy seach himsels lykwols net as in suksesfol skriuwer. Joke Corporaal socht út hoe’t dat kaam yn in stúdzje oer syn libben oant 1963, mei as titel Grimmig eerlijk, ferskynd yn 2009.

    Verschijningsdatum2012-04-16

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-415-5
    EAN nummer
    9789089544155