Mei Abraham fustkje
Afbeelding van Mei Abraham fustkje
Afbeelding van Mei Abraham fustkje

Mei Abraham fustkje

Anne Wadman skreau Mei Abraham fûstkje ta gelegenheid fan syn fyftichste jierdei. It is in karlêzing út eigen novellistysk, essayistysk en polemysk wurk, oanfolle mei autobiografyske bydragen. It boek hat in sterk dokumintêr karakter en is yllustrearre mei bysûndere foto’s.

€ 15,-



    Omschrijving

    Anne Wadman skreau Mei Abraham fûstkje ta gelegenheid fan syn fyftichste jierdei. It is in karlêzing út eigen novellistysk, essayistysk en polemysk wurk, oanfolle mei autobiografyske bydragen. It boek hat in sterk dokumintêr karakter en is yllustrearre mei bysûndere foto’s. Troch de konfrontaasje dy’t er yn it boek oangiet mei Fedde Schurer, E.B. Folkertsma en Jan Piebenga leveret it in wichtige bydrage ta de literatuerskiedsskriuwing. It boek befettet ek twa kontroversjele ferhalen, dy’t net yn De Tsjerne of oarsearne publisearre wurde mochten fanwege har iepenhertich eroatysk karakter. Ien dêrfan is ‘De reade roas’, dat yn 1960 fan de útjouwer net yn de ferhalebondel Yn ’e lytse loege opnommen wurde mocht.

    Dizze twadde printing is de werútjefte fan de earste printing út 1969.

    In by tiden hyper-persoanlike skriuwerij mei bledsiden út it deiboek fan in skriuwer, alle kompleksen iepen en bleat, himsels en in stikmannich oare griemers te kyk en te kak settend.

    T.K. yn De Stim

    Omdat wy yn Anne Wadman ien fan de weinige skriuwers hawwe dy’t har dingen dogge net by de graasje fan it fûnkje fan de dichterlike ynspiraasje mar fan de flam fan de erudysje en talint sil Mei Abraham fûstkje yn elk gefal lêzen wurde moatte troch elk dy’t yn Frysk-literêre saken yn ús dagen in krom meitinke, -prate en byneed -skriuwe wol.

    Freark Dam yn De Strikel

    De skriuwer, nettsjinsteande de moeting dêr’t de titel fan sprekt, wit net wêr’t Abraham de moster langer hellet. Boppedat komt dy moster lang nei de mieltyd.

    A.W., lêste sinnen fan Mei Abraham fûstkje

    Formaat140x210 mm
    Aantal pagina's202 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurAnne Wadman
    Korte levensbeschrijving

    Anne Wadman (1919-1997) joech al ier bliken fan syn niget oan muzyk, literatuer en it Frysk. Hy studearre Nederlânsk oan ’e Universiteit fan Amsterdam en wurke lange tiid by it ûnderwiis. Hy waard ien fan de meast produktive Fryske skriuwers en kritisy. Twa kear krige er de Gysbert Japicxpriis, yn 1952 en 1989. Hy seach himsels lykwols net as in suksesfol skriuwer. Joke Corporaal socht út hoe’t dat kaam yn in stúdzje oer syn libben oant 1963, mei as titel Grimmig eerlijk, ferskynd yn 2009.

    Verschijningsdatum2010-04-09

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-174-1
    EAN nummer
    9789089541741