Ridder fan Snits 2 (e-boek)
Afbeelding van Ridder fan Snits 2 (e-boek)
Afbeelding van Ridder fan Snits 2 (e-boek)

Ridder fan Snits 2 (e-boek)

Diel 2 fan de trilogy mei it ferhaal fan Rienk Bockema dy’t in krústocht makke nei Rhodos mar ek striid mei himsels fiere moast

€ 6,50



    Omschrijving

    Rienk Bockema syn lang libben (1350-1436) spile him net allinnich ôf yn Rodenboarch, de mânske stiens dy’t binnen de wâlen en grêften fan it midsieuske Snits stie. Doe’t er weromkaam fan in krústocht nei Rhodos, waard er troch kening Edward III fan Ingelân om syn moed ta ridder slein. Mar yn de jierren dêrnei fierde er op ’e grûn dêr’t er hikke en tein wie, in hiel oare striid. Hy wraksele mei syn eigen libben, dat ferrûn tusken wylde driften en eangst foar de dea. Om’t er him skuldich fielde oan de dea fan syn frou Bot, dy’t ûnder heimsinnige omstannichheden omkaam, makke er in pylgertocht nei Jeruzalem. Dêr ferbûn er him noch hechter oan de Hillige Frouwe Marije, foar him it toanbyld fan inkelde froulju dy’t yn syn libben in grutte rol spilen. Mar de rom as ridder en de pylgerreis nei Jeruzalem koene syn skuld foar Marije en de froulju oer net weinimme. Earst oan de ein fan syn libben fûn er de rêst yn it kleaster Thabor, dat er tusken Snits en Turns bouwe litten hie.

    Formaate-boek
    Aantal pagina's165
    Levertijd0 werkdagen
    AuteurWillem Tjerkstra
    Korte levensbeschrijving

    Willem Tjerkstra (1943) wurke yn it basisûnderwiis en wie letter meiwurker fan It Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegelieding Fryslân (MSÛ) yn Ljouwert. Hy lei him út op it skriuwen fan Frysk lesmateriaal en levere stikken foar de learlingeblêden Sjedêrrr!!! en De Holder. Yn syn debút, de jeugdroman De wite kastanje út 1986, bliek daliks al syn foarleafde foar histoaryske ûnderwerpen. Hy publisearre foar bern en foar folwoeksenen.

    Verschijningsdatum2012-05-02

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-405-6
    EAN nummer
    9789089544056