Cap Sud (e-boek)
Afbeelding van Cap Sud (e-boek)
Afbeelding van Cap Sud (e-boek)

Cap Sud (e-boek)

Cap Sud is it iennichste jongereinboek fan Van der Leest, skreaun yn opdracht. Hy krige der yn 1983 de earste Simke Kloostermanpriis foar

€ 6,-



    Omschrijving

    Cap Sud (sûnder aksint: it is in Frânske namme) giet oer twa freonen, Diderik en Gerl. Gerl sjocht yn in fisoen hoe’t syn maat in autoûngelok krijt. Nei in petear mei in âlde frou dy’t yn de takomst sjen kin, giet Gerl mei de feint fan syn suster op ’e motor op speurtocht nei Diderik om him dêr foar te behoedzjen. Dy is yn Frankryk op fakânsje. It wurdt in tocht fol aventoeren. Se ha gjin oare oanwizing as dat se nei Cap Sud ta moatte.
    Cap Sud is it iennichste jongereinboek fan Van der Leest, skreaun yn opdracht. Hy krige der yn 1983 de earste Simke Kloostermanpriis foar.
    Dit boek is de werútjefte fan de earste printing út 1980.

    Ut al syn boeken docht bliken dat Van der Leest as gjin oar fan de Fryske skriuwers alle niget sjocht oan de eigenaardichheden fan ús dagen. In pree is ek Van der Leest syn feardich en gauris ferrassend taalgebrûk. Hy brûkt fansels it Frysk fan de tsjintwurdige jongerein, mar dan wol riker en fariearder as wat men ornaris opheint.
    Tiny Mulder yn it Friesch Dagblad

    Met name voor Friese begrippen een sterke volwassen jeugdroman, die 12- tot 16-jarigen zeker zal boeien.
    Wim van der Schaaf foar Boek en Jeugd

    Reinder van der Leest hat syn opdracht, it skriuwen fan in jongereinboek, op in treflike manier foarmjûn. Der is ferlet fan sok goed, oarspronklik materiaal.
    Jant van der Weg-Laverman yn Hjir

    Formaate-boek
    Aantal pagina's119
    Levertijd0 werkdagen
    AuteurR.R. van der Leest
    Korte levensbeschrijving

    Reinder Rienk van der Leest waard berne yn Drachten yn 1933. Hy folge yn Ljouwert de HBS en dêrnei de kweekskoalle. Hy woe it leafst nei de keunstakademy mar dat koe de brune net lûke. Skoalmaster wurde wie syn foarlân. Syn literêre belangstelling kaam pas op lettere leeftyd. Eksperimintearje mei foarm en it sljochtsjen fan grinzen tusken literatuer, keunst en muzyk wiene syn driuw. Yn 1981 krige er de Gysbert Japicxpriis foar de dichtbondel Keunst en fleanwurk.

    Verschijningsdatum2012-04-16

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-388-2
    EAN nummer
    9789089543882
    Auteur
    R.R. van der Leest