De lêste oerstek
In foartreflik skreaune roman oer Noard-Ierlân fan ien fan de masters fan de Ierske misdiedliteratuer oerset yn it Frysk
€ 23,50
Omschrijving
Tony, Hugh en Karen tochten dat se inoar tritich jier foar it lêst sjoen hienen. In heal libben is foarby gien en oantinkens binne begroeven en fuortstoppe. Mar wannear’t harren frege wurdt dochs wer gear te wurkjen – om geasten te beïerdzjen en de takomst feilich te stellen – hawwe sy allegearre in eigen reden om mei te dwaan. Op de oerstek fan Noard-Ierlân nei Skotlân komt it ferline op in pynlike wize wer boppe – en sommige saken kinne dan net efterlitten wurde.
Yn De lêste oerstek binne oantinkens ûnbetrouber, is de wierheid unwis en rûzich, en foarmet it geweld fan de Troubles wer in gefaar foar it hjir en no.
“In djipsinnich, oandwaanlik en moreel kompleks boek” — Irish Times
“Alwer in útsûnderlike roman fan ien fan de masters fan de Ierske misdaadliteratuer” — Adrian McKinty
“In meislepend ferhaal oer ferlies en skuld yn in brutsen maatskippij. In prachtich skreaun boek dat jin lang bijbleaut” — Steve Cavanagh
“Ast Noard-Ierlân begripe wolst, of eltse maatskippij dy’t konflikten trochmakke hat, set dit boek dan op dyn list… It is foartreflik skreaun” — Jan Casey
Delesteoerstek_Inkijk.pdf
Formaat | 145x210 mm |
Aantal pagina's | 302 |
Levertijd | 2 werkdagen |
Auteur / vertaler | Brian McGilloway / Ammerins Moss-de Boer |
Biografie | Brian McGilloway is auteur fan alve misdiedromans, mei ynbegrip van de Ben Devlin-mystearjes en de Lucy Black-rige. De earste yn dy rige, Little Girl Lost, waard in New York Times-bestseller en kaam ek yn it Feriene Keninkryk op nûmer 1 te stean. Neist in plak op de shortlist foar in ‘CWA Dagger’-priis en in nominaasje foar de ‘Theakston’s Old Peculier Crime Novel of the Year’ hat er prizen wûn as de Ulster University McCrea Literary Award en de BBC Tony Doyle Award, foar syn senario Little Emperors. Hy stiet tsjintwurdich oan skoalle yn Strabane, dêr’t er ek wennet mei syn frou en fjouwer bern. Ammerins Moss-de Boer (1974) waard berne yn Dokkum, groeide op yn Rinsumageast en studearde Ingelske taal en kultuer yn Grins. Se hat in set yn Ierlân en Noard-Ierlân wenne en kin no har leafde foar sawol it Ingelsk, Frysk en Nederlânsk en foar it lêzen fan goede, spannende boeken goed kwyt yn har wurk as tolk en oersetter. De kombinaasje fan it tolken foar bedriuwen en oerheid en it meitsjen fan oersettingen op juridysk, medysk en kreatyf mêd hâldt har fan de dyk. Se set har fia It Skriuwersboun yn foar in bettere posysje fan skriuwers yn it Frysk en de promoasje fan de Fryske literatuer. Ammerins kaam har man tsjin op de universiteit fan Belfast en oertsjoege him om mei te ferhúzjen nei Nederlân. Tegearre hawwe sy twa bern. |
Verschijningsdatum | 15-09-2022 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-94-6365-465-4
- EAN nummer
- 9789463654654
- Auteur
- Ammerins Moss-de Boer