De ring fan it ljocht
Afbeelding van De ring fan it ljocht
Afbeelding van De ring fan it ljocht

De ring fan it ljocht

Ype Poortinga reizge tusken 1970 en 1975 by fertellers lâns om harren folksferhalen op bân op te nimmen en út te wurkjen. It wiene benammen mearkes, sêgen en oarsprongsferhalen

€ 34,95



    Omschrijving

    De Fryske literatuer is ryk oan folksferhalen. Dat dy bewarre binne is te tankjen oan in oantal warbere sammelers dy’t fan de njoggentjinde ieu ôf de ferhalen opskreaune. Ype Poortinga reizge tusken 1970 en 1975 by fertellers lâns om harren folksferhalen op bân op te nimmen en út te wurkjen. It wiene benammen mearkes, sêgen en oarsprongsferhalen. Hy sammele sa’n seistûzen en lei in seleksje dêrfan fêst yn in rige fan sân mânske boeken, dy’t der tige goed ynfoelen. It earste, De ring fan it ljocht, kaam út yn 1976, de oare seis alle jierren dêrnei ien. Theun de Vries sette it earste diel oer yn it Nederlânsk.

    Dit boek is de werútjefte fan de earste printing. De tekeningen binne fan G. van der Meer.

    Dit ferhaleboek is in unyk foarbyld fan folksliteratuer, dy’t, om it mei in tsjinstridichheid te sizzen, al bestie doe’t it folk noch net skreau.

    Klaas Jansma yn Frysk en Frij

    Sommige verhalen zijn geniaal van eenvoud.

    Dagblad van Noord-Limburg

    Er is een groot aantal redenen om Fries te leren. Een ervan is ongetwijfeld het project van Ype Poortinga, die al jaren door Friesland trekt om de volksverhalen die daar nog leven te registreren en uit te geven. Het is verbazingwekkend dat in een land dat zich de benen uit het lijf rent voor iedere verzakte trapgevel verder geen enkel project à la Poortinga bestaat.

    Geert Mak in De Groene Amsterdammer

    Formaat165x240 mm
    Aantal pagina's416 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurYpe Poortinga
    Korte levensbeschrijving

    Ype Poortinga (1910-1985) wurke sûnt de oprjochting by de Fryske Akademy, as haad fan de wurdboekôfdieling en letter fan de ôfdieling taalkunde, literatuer en folksferhalen. Hy waard benammen bekend as samler fan folksferhalen, mar hy skreau ek romans. Yn 1950 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn histoaryske roman Elbrich. Hy publisearre ien dichtbondel, Sinneblink.

    Verschijningsdatum2010-04-09

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-171-0
    EAN nummer
    9789089541710
    Auteur
    Ype Poortinga