De Striid fan de Kat en de Mûzen
Afbeelding van De Striid fan de Kat en de Mûzen
Afbeelding van De Striid fan de Kat en de Mûzen

De Striid fan de Kat en de Mûzen

Komysk drama út 1150 fan Theodoros Pródromos, út it Gryks yn it Frysk oerset troch Klaas Bruinsma

€ 17,50



    Omschrijving

    De striid fan de Kat en de Mûzen, ek wol de Katomyomachia neamd, is in komysk drama, skreaun om 1150 hinne toch de Byzantynse skriuwer Theodoros Pródromos. It wie eins net bedoeld om opfierd te wurden mar mear om te lêzen. Men fynt hjir ferwizings nei Homeros, mar ek nei it earder troch Bruinsma út it Gryks oersette komyske drama De Striid tusken de froasken en de mûzen, skreaun troch Pseudohomeros, yn in gâns oare tiid (mooglik earste ieu foar Christus). It satiryske elemint yn de Katmûzeoarloch as bespotting fan de doetiidse polityk hoeft net ûnderskat te wurden. Wer in moai linige oersetting fan in oarspronkelik Grykse tekst troch Klaas Bruinsma.

    Formaat 145x210x13mm
    Aantal pagina's 135
    Levertijd 2 werkdagen
    VertalerKlaas Bruinsma
    Biografie

    Nei syn pensioen hat Klaas Bruinsma (1931, Easterein) him hielendal wijd oan syn grutte leafde, it oersetten fan klassiken út de wrâldliteratuer. As gymnasiast wie er dêr al mei begûn. Yn 1993 krige Bruinsma de dr. Obe Postma-priis foar syn oersetting fan trije trageedzjes fan Sofokles. Yn 1993 krige Bruinsma de kultuerpriis fan de gemeente Gaasterlân-Sleat 'foar syn fertsjinsten foar it behâld fan de Fryse taal.' Yn 2005 is him opnij de dr. Obe Postma-priis tagekend, no foar syn oersettingen yn it tinkboek fan Gysbert Japix, en mei namme foar syn oersetting fan de Ilias en de Odusseia fan Homêros. De publikaasje hjirfan krige in soad oandacht.
    By Utjouwerij Elikser binne de ôfrûne jierren in tal Fryske oersettingen ferskynd fan Bruinsma syn hân: Marike fan Nijmegen/Elkenien (2009), Floaris en Blankefloar (2009), De Roman fan Walewein (2010), De striid tusken Froasken en Mûzen (2010), Fergút (2011), Moriaan, de Swarte Ridder (2011), Sint Brandaan yn fjouwerfâld (2012), Ut Beda syn HEGA (2013), Fersen fan en foar Gadso Coopmans (2013), Blomlezing út 'e Spaanse poezij (2014), Ut ʼe Klûs fan Suster Berta (2015).

    Verschijningsdatum 18-09-2015

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-806-1
    EAN nummer
    9789089548061
    Auteur
    Klaas Bruinsma
    Vertaler
    Klaas Bruinsma