De woeste hichten e-boek
Afbeelding van De woeste hichten e-boek
Afbeelding van De woeste hichten e-boek

De woeste hichten e-boek

Unferjitlike klassiker fan Emily Brontë oerset yn hjoeddeisk en linich Frysk troch Geart fan der Mear

€ 8,50



    Omschrijving

    De roman De Woeste Hichten is ien fan de bekendste leafdesskiednissen yn de wrâldliteratuer. It is miskien ek wol de wreedste. It ferhaal spilet him ôf tsjin de achtergrûn fan de ûnbidige heidefjilden fan Noard-Ingelân, op de twa boerepleatsen De Woeste Hichten en de Lysterpleats.

    As de heit fan Cathy Earnshaw weromkomt fan in reis nei Liverpool docht bliken dat er in lyts jonkje bij him hat, dat er as fûnling op strjitte oantroffen hie. Hij is wat donker fan útsjuch en de suggestje is dat er fan sigeuners ôfstamt. Heathcliff, sa wurdt er neamd, sûnder achternamme, groeit op mei de suver like âlde Cathy as lid fan de famylje. Mar as de heit fan Cathy stoarn is, en de âldere broer fan Cathy de baas wurden is op De Woeste Hichten, wurdt Heathcliff linkenoan degradeard ta in arbeider, sûnder besit en sûnder komôf, en sûnder sosjaal perspektyf.

    Om dy reden trout Cathy úteinlik mei Edgar Linton fan de Lysterpleats, ek al hâldt se allinne fan Heathcliff. Yn de wurden oan har eardere bernefaam Nelly: ‘As ik no mei Heathcliff trouwe soe, dan soe ik mij ferleegje, dat hij sil noait witte hoefolle as ik fan him hâld. En dat is net, Nelly, omdat er kreas is, mar omdat hij mear mijsels is as ik dat sels bin. Wêr’t ús sielen ek fan makke binne, sinent en minent binne deselde […] Hij is it dêr’t yn myn libben al myn tinken om draaid hat. As alles fergean soe, en hij bleau, dan soe ik ek noch bestean bliuwe. En as alles bestean bliuwe soe, en hij der net mear wie, dan soe it hele universum mij folslein frjemd wurde.’

    Heathcliff wie foar Cathy har trouwen fuortgongen, mar komt nei in pear jier fol wraakgefoelens werom, wraak op Cathy har broer, wraak yn sekere sin ek op Cathy sels. Hij slingeret har de slimste ferwiten nei de holle: ‘Do litst mij no sjen hoe wreed ast west hast – wreed en ûnoprjucht. Wêrom hast mij ferachte? Wêrom hast dyn eigen hart ferret, Cathy? Ik kin net ien wurd fan treast betinke. Do fertsjinnest dit. Do hast dijsels fermoarde […] Want ellinde en sykten en de dea, en neat dat God of de Satan ús oandwaan koenen, hienen ús skiede kinnen, mar do, út eigen frije wil, do hast dat dien. Ik ha dyn hart net brutsen – do hast dat dien, en hast dêrbij ek mines brutsen.’

    ebook_de_woeste_hichten_ink.epub

    Formaat e-boek
    Aantal pagina's 296
    Levertijdn.v.t.
    Auteur Emily Brontë; oersetting Geart fan der Mear
    Biografie

    Geart fan der Mear (b. 1944 Toppenhuzen) studearre Ingelsk en Frysk yn Grins en wurke fan 1970 oant 2009 by it Ingelsk Ynstitút fan de Grinzer universiteit, mei in ûnderbrekking fan fiif jier (1985-1990) doe’t er oan dyselde universiteit by it Frysk Ynstitút wurke. Fan 1976 oant 1982 wie er ien fan de redakteuren fan Trotwaer. Yn 1985 promovearre er op in proefskrift oer de ‘brekking’ (bgl. beam-beammen) yn it Frysk.

    Nêst taalwittenskip, mei de lêste goed 17 jier foaral de leksikografy, hat ek it oersetten altyd syn niget hân, foaral de praktyske kanten dêrfan, dy’t er tapasse koe yn syn kursussen literêr Ingelsk-Nederlânsk oan de universiteit.

    Verschijningsdatum 03-08-2022

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-94-6365-453-1
    EAN nummer
    9789463654531
    Vertaler
    Geart fan der Mear